Konferinsje fan Karnuntum

De Konferinsje fan Karnuntum wie op 11 novimber 308 en waard holden yn de Romeinske stêd Karnuntum oan de Donau-grins. De konferinsje waard foarsitten troch de eardere keizer Diokletianus, de oare dielnimmers wienen Maksimianus, Konstantyn I en Galerius. Ynset fan de konferinsje wie de takomst fan de troch Diokletianus ûntwurpen tetrargy.

De oanlieding foar dy konferinsje wie de bestjoerskrisis dêr't it Romeinske ryk stadichoan hieltyd fierder yn terjochte komd wie, nei de dea dan de westlike keizer Konstantius Klorus yn 306, de opstân fan Maksentius, de soan fan de ôfgiene keizer fan it westen Maksimianus en de delslach en dea fan keizer Severus II yn 307. It inisjatyf foar de konferinsje gong út fan de keizer fan it easten Galerius dy't hjirmei it Romeinske ryk behoedzje woe foar noch mear boargerkrigen en anargy.

De útslach fan de konferinsje wie dat Konstantyn I tebek set waard ta de rang fan Caesar (ûnderkening) oer Brittanje en Galje, en dat Lisinius, in âld kammeraat fan Galerius, oansteld waard as Augustus (boppekeizer) fan it westen.

It resultaat fan de konferinsje smiet amperoan seadden oan de dyk. De usurpator Maksentius koe syn macht yn Itaalje gewoanwei útoefenjen bliuwe, omdat dizze tsjin de makke ôfspraken yn net oanpakt waard troch Lusinius. Mei gefolch dat Lisinius as keizer fan it westen, allinnich macht hie oer de Donauprovinsjes.