Konsonant

(Trochferwiisd fan Konsonanten)

In konsonant is in bylûd. In lûd dat derby komt.

Artikulaasjeplakken yn de mûle

It Frysk hat de neikommende konsonanten; B, C (allinnich mei de H), D, F, G, H, J, K, L, M, N, P, R, S, T, V, W, Z.

De twa wichtichste ferskillen tusken konsonanten en fokalen:

  1. Fokalen kinne beklamme wurde en dêrtroch in wurdlid foarmje; konsonanten kinne dat net.
  2. By konsonanten wurdt de luchtstream troch de mûle op de iene of oare wize behindere en by fokalen net.

Der binne trije yndielingskritearia.

1 Konsonanten wurde yndield neffens it artikulaasjeplak yn de mûle.
  • bilabiaal / twalippich - p b m β
  • labiodentaal / liptoskich - f v w
  • dentaal / by de tosken - t d s z r l n
  • palataal / by it hurde ferwulft - j
  • felaar / by it sêfte ferwulft - g k ɣ j w ŋ
  • de kielholte - h
2 De behindering fan de luchtstream en it lûdeffekt.
  • Koarte folsleine ôfsluting, ploflûd (ploffer) - p t k b d g
  • Unfolsleine ôfsluting, rûslûd (rûzer) - f s x v z ɣ j w β
  • Lucht troch de noas, noaslûd (nasaal) - m n ŋ
  • Underbrutsen ôfsluting (floeilûd) - l r
  • Hielendal gjin behindering (heallûd) - h
3 Stimhawwend of stimleas.
  • Stimhawwend - b d g v z ɣ
  • Stimleas - p t k f s x
  • Ynherint stimleas - h
  • Ynherint stimhawwend - m n ŋ r l j w β


De konsonanten wurde neffens punt 2 yn fiif groepen yndield: de ploffers, rûzers, nasalen, floeilûden en heallûden.