Korroazje
Korroazje is it skiekundige oantaasten fan materialen trochdat harren omjouwing op harren ynwurket, benammen it oantaasten fan metalen troch elektrogemyske reaksjes. It oantaasten troch meganyske ynfloeden, sa as bygelyks skuorren of brekken troch in botsing of troch fallen wurde net as korroazje sjoen.
De bekendste soarten korroazje binne it oantaasten fan metaaloerflakken troch bygelyks soerstof en wetter yn de loft, sa as it rustkjen fan izer en it grien útslaan fan koper. Ek yn in wettereftich miljeu en by hege temperatuer kin korroazje foarkomme en it kin ek keramyske materialen en keunststoffen oantaaste.
Korroazje bringt risiko's foar de feiligens, sa as it falen fan dragende konstruksjes (bygelyks brêgen), en in soad kosten, mei.
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Korroazje fan Wikimedia Commons. |