De lút is een snaarynstrumint, dat mei de fingers bespile wurdt.

lút
Lút op in skilderij fan Hans Holbein de Jonge (1533)
Midsiuwske lút
Hofdame von Keyserlinck mei in baroklút (Antoine Pesne)

Beskriuwing bewurkje seksje

De lút is ûntwikkele út it fan oarsprong Arabyske en Perzyske snaarynstrumint Ud en wie yn it Europa fan de lette midsiuwen, de renêssânse en de Barok tige populêr. Foarrinners fan de lút waarden al yn it Alde-Egypte brûkt.

De namme fan it ynstrumint komt fan it Arabyske "al ud", dat it hout of it stokje betsjut. De beneamingen yn hast alle Europeeske talen binne ôflaat fan dizze oarspronklike namme (fergelykje bygelyks de: Laute, en: lute, fr: luth, hu: lant, it: liuto, pl: lutnia en es: laud). It ynstrumint is yn Europa en it Midden-Easten ferspraat troch de Moaren op it Ibearysk Skiereilân en troch dielnimmers oan de ferskillende krústochten.

Yn Europa krige de lút der in tal snaren by. Ek krige it ynstrumint fretten, sadat it spyljen fan akkoarden makliker makke waard (mar it meitsjen fan de Arabyske mikrotoanen net mear mooglik wie). Sûnt ± 1500 makke de lút in grutte bloei troch en waard der in soad muzyk foar komponearre. Bekende komponisten binne Francesco da Milano (1497-1543), John Dowland (1562-1626), ferskate leden fan de Gautier-dynasty (1575-1672) en Sylvius Leopold Weiss (1686-1750). Yn de Nederlannen wienen Joachim van den Hove (1567-1620) en Nicolaes Vallet15831645) de wichtichste komponisten.

De lút hat in bol klanklichem, yn de foarm fan in oerlâns trochsnien aai, en in koarte brede hals dy't fêstsit oan it smelle ein fan it klanklichem. De stimknoppen binne yn in meast efteroerknikte knoppekast oanbrocht. De brûkte materialen binne tige tin en sadwaande is it ynstrumint kwetsber. In renêssânse- of baroklút yn net-restaurearre, spylbere steat is in selsumheid.

Dûbelkoarich bewurkje seksje

De lút is in ien- of dûbelkoarich snaarynstrumint. De snaren wurde yn pearen, "koaren" neamd, oanslein. De snaren fan in koar binne lykstimmich of ferskille ien oktaaf. It heechste koar (chanterelle neamd) bestiet meast út ien snaar. In midsiuwske lút hat fjouwer koaren. Yn de renêssânse rûn it oantal op oant tsien om yn de barok út te kommen op trettjin (de teorbe hie der oant fjirtjin).

Bekende lútspilers of lutisten bewurkje seksje

Besibbe ynstruminten bewurkje seksje