De lama-eftigen (wittenskiplike namme: Lamini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda), de boppefamylje fan 'e kamieldieren (Cameloidea), de famylje fan 'e kamieleftigen (Camelidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte kamieleftigen (Camelinae).

Lama-eftigen
In lama (Lama glama).
In lama (Lama glama).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
ûnderskift: ylpoatigen (Tylopoda)
boppefamylje: kamieldieren (Cameloidea)
famylje kamieleftigen (Camelidae)
ûnderfamylje: echte kamieleftigen
   (Camelinae)
tûke: lama-eftigen (Lamini)
Webb, 1965

Beskriuwing bewurkje seksje

Dizze taksonomyske groep omfiemet de lama's (Lama) en de fikûnja's (Vicugna), wêrfan't noch fjouwer libbene soarten besteane, dy't allegear lânseigen binne yn Súd-Amearika, foar it meastepart yn it Andesberchtme. Fan 'e fjouwer soarten binne de lama (Lama glama) en de alpaka (Vicugna pacos) folslein domestisearre, wylst de gûanako (Lama guanicoe) en de fikûnja (Vicugna vicugna) útslutend yn it wyld foarkomme. Fierders binne der noch twa fossile skaaien bekend, te witten Hemiauchenia en Palaeolama.

Lama-eftigen hawwe alhiel gjin seksuële dimorfy, en likemin beskikke se oer in galblaas. Wol hawwe se in spiisfertarringsstelsel dat har by steat steld om beskate giftige stoffen ta har te nimmen. Fierders ferskille se fan har neiste sibben, de echte kamielen (Camelini) trochdat se de beide teannen oan eltse poat ûnôfhinklik faninoar bewege kinne, wat har in bettere gryp jout op rotsige berchgrûn.

Tûke-opbou bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.