Lanaï (Ingelsk: Lanai, útspr.: [lə'nai], likernôch: "luh-nai"; Hawaïaansk: Lāna‘i, útspr.: [la:'nɐʔi], likernôch "laa-nuh-y") is in eilân yn 'e Hawaï-arsjipel, dy't yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan leit. It is it op fiif nei grutste eilân fan 'e groep, en it lytste dat sûnder beheinings publyklik tagonklik is. Lanaï stiet bekend as the Pineapple Isle ("it Ananaseilân"), fanwegen de ananasplantaazjes dy't foarhinne frijwol it hiele lânbou-areaal fan it eilân oerdutsen. De iennichste delsetting fan betsjutting op it eilân is Lāna‘i City. Bestjoerlik foarmet Lanaï mei trije buoreilannen Maui County.

Lanaï
Utsjoch op 'e bercheftige midden fan Lanaï.
Utsjoch op 'e bercheftige midden fan Lanaï.
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat Hawaï
haadplak Lāna‘i City
grutste plak Lāna‘i City
sifers
ynwennertal 3.100 (2010)
oerflak 363,9 km²
befolkingstichtens 8,6 / km²
oar
tiidsône UTC –10
simmertiid gjin simmertiid
offisjele webside
www.lanaichc.org

Etymology bewurkje seksje

Wêr't de namme fan Lanaï weikomt, is ûnwis, mar histoarysk waard it eilân wol Lāna‘i o Kauluā‘au neamd, dat oerset wurde kin as "Dei fan de Ferovering fan Kauluā‘au". Dy namme ferwiist nei de leginde oer Kauluā‘au, in prins fan Maui dy't nei Lanaï ferballe waard om't er by wize fan grap nuvere keunsten útheefd hie oan it hof fan syn heit yn Lāhainā. Neffens it ferhaal spûken der op Lanaï doe akua‘ino om ("geasten" of "eardsken"), en soe Kauluā‘au dy ferdreaun hawwe. Dêrmei wûn er mei-iens ek syn heite geunst werom.

 
De lizzing fan Lanaï yn 'e Hawaï-eilannen.

Geografy bewurkje seksje

Lanaï hat rûchwei de foarm fan in omkearde komma, dy't mei de sturt nei it noardwesten wiist. It eilân hat in oerflak fan 363,9 km². Yn it noarden wurdt it troch it Kalohi-kanaal skaat fan it buoreilân Molokaï, wylst yn it easten it eilân Maui oare kant it ‘Au‘au-kanaal leit. Yn súdeastlike rjochting leit oare kant it Kealaikahiki-kanaal it lytsere, ûnbewenne eilân Kahoölawe. It heechste punt fan Lanaï is de deade fulkaan de Lāna‘ihale, dy't likernôch yn 'e geografyske midden fan it eilân leit, en wêrfan't de top oant 1.026 m boppe seenivo rikt. In grut part fan it eilân is inkeld berikber oer ûnferhurde diken, dêr't in auto mei fjouwertsjiloandriuwing foar nedich is.

Skiednis bewurkje seksje

Saakkundigen binne fan betinken dat de earste fêste bewenners har wierskynlik yn 'e fyftjinde iuw fanôf Maui en Molokaï op Lanaï nei wenjen setten. Dat wiene lânseigen Hawaïanen, wêrfan't de foarâlden om 300 (n.Kr.) de Hawaï-eilannen kolonisearre hiene út súdliker kontreien fan Polyneezje wei. Foar it meastepart fan syn skiednis stie Lanaï ûnder hearskippij fan ali‘i (haadlju) fan it buoreilân Maui, mar salang't de lju trou belesting ôfdroegen, bekroaden dy har mar komselden om Lanaï. De kalmte op it eilân waard lykwols wreed fersteurd doe't it om 1790 hinne ferovere waard troch Kamehameha de Grutte, de kening fan it eilân Hawaï, ûnder dy syn kampanje om 'e Hawaï-arsjipel ta ien keninkryk te ferienjen. Dêrby waard de befolking fan Lanaï ôfslachte en rekke it eilân suver ûntfolke.

 
In satellytfoto fan Lanaï.

De earste befêstige Jeropeeske waarnimming fan Lanaï waard op 25 febrewaris 1779 dien troch kaptein Charles Clerke, dy't it befel oer de HMS Resolution, it skip fan 'e Britske ûntdekkingsreizger James Cook, oernommen hie nei't Cook op it eilân Hawaï by in skermutseling mei de lânseigen befolking omkommen wie. Dat ynsidint wie de bemanning fan 'e Resolution raar bekommen, en se hiene sadwaande gjin inkele oanstriid en gean op Lanaï oan lân. Yn 1792 fear de Britske ûntdekkingsreizger George Vancouver by it eilân lâns, mar negearre it om't it tsjin dy tiid frijwol ûntfolke liek.

Mids njoggentjinde iuw kaam Lanaï yn eigendom fan 'e Amerikaanske ûndernimmer Walter M. Gibson, dy't der in mormoanske koloanje stifte. Letter, yn 'e 1870-er jierren, begûn er in feepleats op it eilân. Yn 1899 rjochten syn dochter en skoansoan de Maunalei Sugar Company op en setten oan 'e noardeastkust útein mei in sûkerreidplantaazje. Dy hiele snuorje troch wennen de measte lânseigen Hawaïanen by de kust lâns, dêr't se libben fan 'e fiskerij en letter ek fan feehâlderij. Yn 1922 waard Lanaï oankocht troch James Dole, de direkteur fan 'e Hawaiian Pineapple Company (letter omneamd ta Dole Food Company), dy't in grut part fan it eilân yn gebrûk naam as wrâlds grutste ananasplantaazje.

 
Kaneapua Rock, oan 'e kust fan Lanaï.

Yn 1985 kaam Lanaï fierhinne yn it besit fan 'e Amerikaanske ûndernimmer David H. Murdock, doe't dy it bedriuw Castle & Cooke oernaam, de memme-ûndernimming fan 'e Dole Food Company. Yn juny 2012 kocht de Amerikaanske miljonêr Larry Ellison, de oprjochter fan it IT-bedriuw Oracle, de 98% fan Lanaï dy't fan Castle & Brook wie. Hoewol't de oankeappriis net bekendmakke waard, skreau de krante de Maui News dat der foar Lanaï $500 oant $600 miljoen betelle wie. Ellison sei dat er fan doel wie nochris $500 miljoen te ynvestearjen om 'e ynfrastruktuer fan it eilân te ferbetterjen en fan Lanaï de "earste ekonomysk libbensfetbere, 100% miljeufreonlike mienskip" fan 'e wrâld te meitsjen.

Bestjoer bewurkje seksje

Bestjoerlik foarmet Lanaï mei de buoreilannen Maui en Kahoölawe en it grutste part fan Molokaï de county Maui. It eilân is foar 98% eigendom fan 'e Amerikaanske miljonêr Larry Ellison, de oprjochter fan it IT-bedriuw Oracle, wylst de restearjende 2% yn it besit is fan 'e steat Hawaï. Tradisjoneel wie Lanaï bestjoerlik ferdield yn 13 ahupua‘a, dy't gearbrocht waarden yn 2 distrikten (mokuoloko), te witten Kona (Underwynsk) en Ko‘olau (Boppewynsk).

 
De saneamde 'Tún fan de Goaden', op Lanaï.

Ekonomy bewurkje seksje

Foarhinne stipe de ekonomy fan Lanaï eins inkeld op 'e lânbou, en yn 't bysûnder op 'e bou fan ananassen en sûkerreid. It eilân stiet bekend as the Pineapple Isle ("it Ananaseilân"), om't de ananasplantaazjes eartiids frijwol it hiele lânbou-areaal fan it eilân oerdutsen. Yn 1923 waard it earste hotel fan Lanaï boud, it Hotel Lāna‘i, yn Lāna‘i City, dat bedoeld wie om 'e bestjoerders fan 'e Hawaiian Pineapple Company te húsfêstjen. It soe oant 1990 it iennichste hotel op it eilân bliuwe. Pas fan 'e 1960-er jierren ôf begûn stadichoan op Lanaï it toerisme as ekonomyske sektor op te kommen. Tsjintwurdich is dat foar it eilân de wichtichste pylder fan 'e ekonomy, hoewol't it foar toeristen noch altyd lang net sa bekend of yn trek is as de buoreilannen Oähû en Maui.

Demografy bewurkje seksje

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Lanaï doe in befolking fan 3.100 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 8,6 minsken de km². Yn 2000 hie it eilân noch 3.200 ynwenners. It iennichste plak fan ienige betsjutting op it eilân is Lāna‘i City, dêr't by de folkstelling fan 2000 99% fan 'e eilanners wenne (3.164 fan 3.193). As in census-designated place (in plak dat apart telt wurdt yn it ramt fan 'e folkstelling) is Lāna‘i City poer in statistysk oard, mei't it gjin apart bestjoer fan 'e rest fan it eilân hat. Fan 'e tradisjonele ahupua‘a hat Kamoku fierwei de grutste befolking, om 'e simpele reden dat it grutste part fan Lāna‘i City binnen de grinzen fan Kamoku falt. Lytsere dielen fan Lāna‘i City lizze yn 'e ahupua‘a Ka‘a en Paoma‘i. De oare tsien ahupua‘a binne frijwol ûnbewenne. Der is ien skoalle op Lanaï, de Lanai High and Elementary School, dy't sawol leger as middelber ûnderwiis biedt.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.