Langwar
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | De Fryske Marren | ||||
Ynwennertal (2021) | 1.050 | ||||
Webstee | http://www.visitlangweer.nl |
Langwar (Langweer) is in doarp yn it súdwesten fan Fryslân, yn de gemeente De Fryske Marren. It doarp leit yn it Fryske marrengebiet, oan de Langwarder Wielen en wat east fan de Kûfurd, en net al te fier fan Gaasterlân ôf. Langwar hat in 940 ynwenners.

De buorren fan Langwar is in beskerme doarpsgesicht.
Skiednis Bewurkje
Ut it argyf fan it bisdom Utert blykt dat Langwar yn 1256 al bestie. Yn 1517 wie it plakje it toaniel fan in striid tusken Geldersken en Boergonjers. It is net bekend wa't winner wie, wol dat der in grutte brân ûntstie. In foarnaam plak hat it lykwols al west, mei teminsten twa stinzen, dêr't iuwenlang aadlike famyljes yn wenne hawwe.
Langwar is in âld doarp mei in rike skiednis. Iuwenlang wie dit doarp allinnich mar oer it wetter berikber. Yn 1856 kaam de earste ferbining mei de bûtenwrâld oer lân: de Breedyk rjochting Sint Nyk. Grytman Johan Vegelin fan Claerbergen makke midden 18e iuw in ein oan de woastenij. Hy ûntwettere en beboske de sompige grûn om Langwar. De bosken binne nei him neamd en syn neisieten ha der wenne oant de lêste fan harren, de grytman Schelte Hessel Roorda van Eijsinga, himsels yn 1829 op de boppeferdjipping fan de state tekoart die. De wei nei Boarnsweach, dy't yn 1783 in sânreed wie, rûn fan it doarp nei de Skarster Rien en is pas yn 1905 ferhurde. De Foekjessteech wie dêrom eartiids it "Boarnsweachster paad". De wei troch Legemar wie oant begjin 20e iuw noch in sânreed.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Langwar it haadplak fan de eardere gemeente Doanjewerstâl, mei sûnt likernôch 1940 it gemeentehûs op it plak dêr't earder stins en waachgebou Osingastate (Langwar) stie. "It Slot", sa't de Langwarders it neame, is tusken 1938 en 1941 nijboud.
De Oranjery is in âlde pleats by Osingastate. Hjir setten de bewenners fan Osingastate winterdeis harren eksoatyske planten yn. Hjirnjonken rûn eartiids de Wimerts. Dêrtroch koenen de boeren mei de pream oan de muorre ta farre om it hea te lossen.
Op it plak dêr't no herberch De Wielen sit, moat yn de 16e iuw Doumastate stien hawwe. Yn de tún stie de Doumastins, mei in grêft deromhinne, dy't lykwols yn 1517 troch de Boergonjers platbaarnd is. Tusken stins en state moat noch it Fechthûs steien ha. In diel fan de yn 1845 ôfbrutsen state is brûkt foar de bou fan herberch "It Wapen fan Fryslân" by Spannenburch. Op it frijkomde plak is it Frico molkfabryk boud yn 1907.
Simmerdeis komme in soad toeristen nei Langwar, fanwege de sfear fan de âlde linebeammen, steechjes en geveltsjes of om te silen. Winterdeis is it folle stilder omdat de toeristen dan fuort binne.
Tsjerke Bewurkje
De earste tsjerke fan Langwar wie de Katarinetsjerke út de 14e iuw. Op de ein fan de partijtiid rekke dy skansearre doe't er yn 1517 ûnder de striid tusken Gelre en Boergonje yn 'e brân stean hie. De tsjerke wie al noch restaurearre, mar op de ein fan de iuw waard er dochs ôfbrutsen. De hjoeddeiske tsjerke is de tredde tsjerke, boud yn 1783.
Mienskip Bewurkje
De Feriening foar Folksfermaken organisearret sûnt 1 augustus 1928 ferskate aktiviteiten en eveneminten foar de ynwenners fan Langwar, Boarnsweach, Diken en omkriten. De wurkgroep Doarpsfisy is ynsteld troch Pleatslik Belang en de gemeente Skarsterlân om takomstplannen te meitsjen.
Ferienings Bewurkje
- Doarpsrûnte - toaniel
- Fuotbalferiening Langwar
- LVVO - follybal
- KWV Langwar - silen - Webside
Befolking Bewurkje
Ferskaat Bewurkje
- Yn july 2007 wie yn Langwar it NK Klunen op keunstiis.
- Anne Wadman is berne op 30 novimber 1919 yn Langwar.
- Op de tsjerketoer stiet in swan (gjin hoanne). De swan yn it doarpswapen fan Langwar ferwiist nei alle gedachten nei it rjocht op swannejacht dat hjir earder bestie. It doarpskafee hiet ek "De trije swaantjes". 't Swannestee is de basisskoalle fan it doarp.
Strjitten Bewurkje
- Apelhof - Popke de Boer hie hjir, neist it gemeentehûs, eartiids in apelhôf
- Auke Pierstjitte - Auke Piers Grondsma (1860-1942) wie feekeapman en doarpsdichter.
- Bast-Bakkerpaad - Johannes Bast en Pieterje Bakker hienen in grientewinkel yn Snits en wennen op harren âlde dei yn Langwar. By testamint lieten se F 100.000 nei oan de gemeente foar de oanlis fan in park. It letter boude park waard letter ferfongen troch in rekreaasjeterrein.
- Boarnsweachsterdyk - rint fan Langwar nei Boarnsweach
- Breedyk - fan Hústerheide nei Langwar, earder mei brechjes nei de huzen.
- Buorren - it sintrum fan Langwar
- De Molier - bylâns dizze wei rint de tochtsleat De Molier nei de mole yn Boarnsweach.
- Doniapark - kompleks rekreaasjewenten nei de yn 1984 ophefte gemeente Doanjewerstâl.
- Doumastate - bedriuwsterrein dêr't al yn 1577 Doumastate stie. De state stie op it plak fan herberch De Wielen en waard yn 1845 ôfbrutsen. Yn 1909 waard op it stee it molkfabryk boud. Nei sluting yn de fyftiger jierren fan de 20ste Iuw waard it in hotel en dêrnei herberch. Dielen fan de âlde gevel mei pylders waard brûkt foar de bou fan kafee Spannenburch.
- Efterom - de haven fan Langwar rûn eartiids oan de Buorren ta. Nei dimping krige it de namme Efterom
- Foekjesteech - nei Foekje Freerks Postma (1820-1900), widdo fan Piter Klazes van Dijk dy't nei syn ferstjerren trochbuorke.
- H. R. Vierstrastrjitte - Hendrik Riekles Vierstra (1838-1909) wie boerearbeider en frijfeint, hy legatearre f 2500,- oan Doanjawerstâl. Fan de rinte moast op 30 maaie, (syn jierdei) feest fierd wurde. Der bestiet in Vierstraliet en syn portret en findel hingje yn de doarpsskoalle.
- Hendrik Dijkstraleane - Hindrik Dijkstra (1895-1976) wie fan 1933-1970 riedslid en wethâlder fan Doanjewerstâl.
- Hoannekamp - yn 1965-1966 oanlein op in sompich stik lân mei in hoantserid.
- Houtfeartwei - rint lâns de Houtfeart, de feart waard brûkt foar ferfier fan hout út de Haulster bosken.
- Kûfurderhûs - nei de pleats mei dizze namme oan dizze dyk nei de Kûfurd,
- Langwarderdyk - dyk nei Hústerheide.
- Legemarstersingel - oanlein op in stik fan de Houtsingel nei Legemar.
- Lyts Dykje - smelle dyk nei Diken as tsjinstelling mei de brede dyk nei Hústerheide
- Oasingaleane - nei de Osingastate dy't yn 1940 ferboud waard ta gemeentehûs fan Doanjewerstâl en sterk liket op de 18e-iuwske state
- Pontdyk - nei de pont oer de Langwarder Feart rjochting de A7.
- Stevenshoek - Steven Gerryts wie in begoedige "houtschuijtvaarder" en winkelman yn Langwar ± 1750.
- Swannestrjitte - Yn it doarpswapen fan Langwar steane trije swannen. Ek op de tsjerketower stiet in swan.
- Tsjillânleane - de Tsjoelelannen wienen lannen fan de tsjerke, dy't ek de pacht ynden. tsjoele=tafel, en de pachtopbringst wie bedoeld om de dûmny fan te beteljen sadat dy brea op tafel hie.
- Weversstreek - de famylje wever wenne hjir tusken 1725-1800.
- Wieling - Unbekende komôf, gjin ferbân mei wiel as draaikolk.
Sjoch ek Bewurkje
-
Eysingastate rekreaasje
-
Lisplak skûtsje
-
Buorren
-
De Trije Swaantsjes
-
Jachthaven buorren
-
Haven
-
Alde Oranjery Osingastate
-
Buorren
-
Krúspunt tsjerke
-
Buorren
-
Buorren
-
Buorren
-
eardere Oranjery Osingastate
-
Langwar
-
't Swannestee
-
Langwar
-
Langwar
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|