Lara Baldesarra (Toronto, 2 april 1985) is in Kanadeesk sjoernaliste, presintatrise en sportferslachjouster fan Italjaansk komôf. Sûnt 2013 wurket hja foar de Amerikaanske nijsstjoerder CNN International.

Lara Baldesarra
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lara Baldesarra
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 2 april 1985
berteplak Toronto (Ontario)
etnisiteit Italjaansk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, sportferslachjouster
medium tillefyzje, radio
wurksum by TSN, FOX, CNN, HLN
bekend fan World Sport (op CNN)
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
Lara Baldesarra op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Lara Baldesarra waard yn 1985 berne yn Toronto, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario, yn in tige sportyf gesin fan Italjaansk komôf. Sawol har heit as har mem diene op universiteitsnivo oan fuotbal en basketbal. Sels begûn Baldesarra mei fuotbaljen doe't se noch mar trije jier âld wie, en har hiele jonkheid troch wie se tige aktyf yn in ferskaat oan sporten, wylst se de simmerfakânsjes ornaris foar in diel op in sportkamp trochbrocht.

Baldesarra die de middelbere skoalle oan it Appleby Kolleezje, in ynternaat yn Oakville, dêr't se yn 2003 har diploma helle. Dêrnei studearre se stedske en ekonomyske geografy oan 'e Universiteit fan Toronto, in stúdzje dy't se yn 2008 ôfrûne. Neitiid folge se noch in sjoernalistike oplieding oan 'e Universiteit fan Guadalajara yn it Meksikaanske Guadalajara, en oan it Ynstitút fan Touraine yn it Frânske Tours.

Har tillefyzjekarriêre begûn Baldesarra by de Kanadeeske sportstjoerder TSN, dêr't se as ferslachjouster wurke en teffens ûnderfining opdie mei wurk efter de skermen, lykas ûndersyk en ûntwikkeling fan nijsitems. Letter wie se in skoft presintatrise fan in sportprogramma op in lokale radiostjoerder yn Toronto, wêrnei't se troch Rogers TV (ek yn Toronto) ynhierd waard om it sportprogramma Game Day te presintearjen. Nei ferrin fan tiid waard se dêr ek ynset as ferslachjouster en ynterviewster by iishokkywedstriden. Teffens presintearre hja it sportprogramma Sportszone, en dêrnjonken wie se kommentator en analyste by de troch Rogers TV útstjoerde fuotbalwedstriden.

Fan desimber 2009 oant septimber 2010 wurke Baldessara as presintatrise fan it fuotbalprogramma Fox Soccer Report, by de Amerikaanske stjoeder FOX. Yn 2011 kaam hja by de Kanadeeske sportstjoerder Sportsnet te wurkjen, dêr't hja mei Sportsnet World Connected har eigen moarnsshow hie. Yn 2012 stapte Baldesarra oer nei de Amerikaanske golfstjoerder Golf Channel, dy't assosjearre is mei de grutte lanlike stjoerder NBC. Dêr wie se presintatrise fan 'e programma's Grey Goose 19th Hole en Golf Central. Yn novimber 2013 feroare Baldesarra op 'e nij fan wurkjouwer. Diskear stapte se oer nei de Amerikaanske nijsstjoerder CNN, dêr't se fanôf desimber dat jier presintatrise is fan it sportprogramma World Sport. Baldesarra wennet op 't heden yn Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, dêr't it CNN-wrâldhaadkertier sitewearre is. Fan 2015 ôf wurket se mear foar HLN, in susterstjoerder fan CNN.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.