Leendert (Leen) Droppert (Flaardingen, 24 april 1930 - Flaardingen, 15 novimber 2022) wie in Nederlânsk byldzjend keunstner. Droppert krige syn opliedingen oan de Amsterdamske grafyske skoalle en de keunstakkademy yn Rotterdam. Fan it begjin fan de fyftiger jierren ôf wurke Droppert as byldzjend keunstner en romtlik foarmjouwer. Syn wurken hearre sawol ta figurative as de abstrakte keunst. Yn 1947 rjochte er tegearre mei seis oare Flaardingske byldzjend keunstners de Vlaardingse Kunstkring op. Yn 2010 organisearre it Museum Vlaardingen ta gelegenheid fan Droppert syn tachtichste jierdei, in oersichtstentoanstelling mei wurk út de perioade 1950-2010.

Leen Droppert
keunstner
It Geuzemonumint mei lofts keunstner Leen Droppert
It Geuzemonumint mei lofts keunstner Leen Droppert
persoanlike bysûnderheden
echte namme Leendert Droppert
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 april 1930
berteplak Flaardingen
stoarn 15 novimber 2022
stjerplak Flaardingen
wurkpaad
wurksum as byldzjend keunstner

Leen Droppert ferstoar op 15 novimber 2022 yn 'e âldens fan 92 jier nei in koart siik wêzen.

Wurk bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: