Leisure Time Entertainment
Leisure Time Entertainment (LTE) (letterlike betsjutting: "Frijetiids Fermaak") wie in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't yn 1984 oprjochte waard troch pornoprodusint Mark Carriere. It bedriuw wie fêstige yn sawol de Los Anzjelynske wyk Van Nuys, as yn Merrillville, yn 'e Amerikaanske steat Indiana.
Leisure Time Entertainment | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | pornografyske filmstudio | |
haadkertier | Los Angeles (Kalifornje) Merrillville (Indiana) | |
oprjochte | 1984 | |
opdoekt | 2006 | |
oprjochter | Mark Carriere | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Yn 'e 1990-er jierren wie Leisure Time Entertainment ien fan 'e meast foaroansteande produsinten en distributeurs fan hurde pornografy yn 'e Feriene Steaten. It grutste kommersjele súkses fan it bedriuw wie de film John Wayne Bobbitt Uncut, út 1994, it pornofehikel fan John Wayne Bobbitt, in Amerikaan fan wa't syn frou Lorena de penis ôfsnie, wêrnei't dy der letter yn it sikehûs wer oanset waard. Dy film, dêr't fierders û.m. de aktrises Veronica Brazil, Crystal Gold en Jasmine Aloha oan meiwurken, waard produsearre troch Carriere en regisearre troch pornoleginde Ron Jeremy.
Leisure Time Entertainment waard yn 2006 opdoekt.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |