Lemsterhoeke

(Trochferwiisd fan Lemsterhoek)

De Lemsterhoeke wie in lytse festing westlik fan De Lemmer. Yn 1413 waard de festing op lest fan de biskop Freark III fan Blankenheim troch Adolf fan Swieten ferwoast. Lemsterhoeke is weiwurden yn de see, hoewol in úthoeke fan de seedyk by Teakesyl dy namme noch hat. Lemsterhoeke wie in part fan de Lemster Fiifgea.

De namme "Lemsterhoeke" wurdt beskôge as in lettere foarm fan "Lammerbroeke".