Begroetingen
(Trochferwiisd fan Les Salutations)
Begroetingen, yn it oarspronklike Frânsk: Les Salutations, is in koart toanielstik fan 'e hân fan 'e Roemeensk-Frânske skriuwer, toanielskriuwer, essayist, dichter en literatuerkritikus Eugène Ionesco (1909-1994). It stik heart ta de Frânske literêre streaming fan it Théâtre de l'absurde ("Teäter fan it Absurde"). Les Salutations waard foar it earst publisearre yn 1950. Yn 1983 waard it ûnder de titel Begroetingen yn it Frysk oerset troch Tryntsje van der Zee. Dy 5 siden tellende fertaling waard yn eigen behear útbrocht.
Begroetingen | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Les Salutations | |
auteur | Eugène Ionesco | |
taal | Frânsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | absurdisme | |
1e publikaasje | 1950, Parys | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Begroetingen | |
publikaasje | 1983, Ljouwert | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Tryntsje van der Zee |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes et références, op dizze side. |