Lida Boonstra

Lida Boonstra (11 maart 1954) is in byldzjend keunstner út Ljouwert. Se krige har oplieding oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten Vredeman de Vries yn Ljouwert en oan Akademy Minerva yn Grins (1993).

Staalbank
Lida Boonstra-BeeldenGalerie II 053.jpg

Har figurative keunst hat meast as tema Minsk en Dier. Foar har monumintale keunst wurket se leafst mei plaatizer en brûns. De stivens fan it materiaal twingt har ta ferienfâldiging en it weilitten fan oerstallige details.
Se besiket benammen minskfoarmen en bisten in oar karakter te jaan.

Eksposysjes wienen yn de Skierstins yn Feanwâlden de Sint Josophgalery yn Ljouwert en Goutum. Lida Boonstra wurket ek yn opdracht.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: