Liguerje (Italjaansk: Liguria; Liguerysk: Ligûria) is in regio, dy't yn 1948 oprjochte waard. De regio leit oan de kust fan it noardwesten fan Itaalje en is de op twa nei lytste. It grinzget yn it westen oan Frankryk en oan de Italjaanske regio's Piëmont yn it noarden en Emilia-Romagna en Toskane yn it easten. De namme Liguria komt út de pre-Romeinske tiid.

Liguerje
Liguria
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Genua
Oerflakte 5.418,21 km²
Befolking 1.510.135 (31.07.2024)
Befolkingstichtens 278,71 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Monte Saccarello: 2.201 m
Oantal gemeenten 234
Provinsjes Genua, Imperia, La Spezia, Savona

Liguerje leit oan de Golf fan Genua, dy't in part is fan de Ligueryske See, dat wer it noardlikste stik is fan de Middellânske See. De kuststripe wurdt ek wol de Ligueryske kust neamd. In oare namme is de Italjaanske of blommeriviêra, dêr't in soad aardige kustplakjes lizze.

Om-ende-by de helte fan it lânoerflak is begroeid mei bosk. Fan de befolking wennet 50 % yn ien fan de fjouwer provinsjehaadstêden. It oare part fan de befolking wennet yn haadsaak tichteby de kust. It bercheftige binnenlân is tin befolke.

De Ligueryske kust hat in myld seeklimaat. Yn jannewaris wurdt it yn Genua trochstrings sa'n 8° oant 10°C. It friest dêr selden, útsein yn it bergeftich gebiet fan it binnenlân. Simmerdeis komt de temperatuer op sa'n 24-25°C út. De reinfal kin somtiden oerfloedich wêze; fanwege de bergen ticht by de kust is der in soad wolkefoarming sadat yn Genua alle jierren likernôch 2000 mm rein falt. Lykwols hawwe oare gebieten de gewoane wearden fan it Middellânske Seegebiet (500-800 mm).

Nijsgjirrichheden

bewurkje seksje

De regio bestiet út de metropolitane stêd Genua en trije provinsjes:

Kaart Provinsje Ofk. Haadstêd Oantal
gemeenten
  Genua GE Genua 67
Imperia IM Imperia 66
La Spezia SP La Spezia 69
Savona SV Savona 32

Grutste gemeenten

bewurkje seksje

Op 28-02-2024 wiene de tsien grutste gemeenten yn 'e regio:

Wapen Gemeente Provinsje Ynwennertal*
1   Genua Metropolitane stêd Genua 562.171
2   La Spezia La Spezia 92.661
3   Savona Savona 58.644
4   San Remo Imperia 53.009
5   Imperia Imperia 42.416
6   Rapallo Metropolitane stêd Genua 29.422
7   Chiavari La Spezia 27.483
8   Albenga Savona 23.553
9   Ventimiglia Imperia 22.922
10   Sarzana La Spezia 21.750
  • Nasjonaal Ynstitút foar Statistyk fan Itaalje, 1 jannewaris 2024.)
Regio's fan Itaalje  
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
  ·   ·