Lily Kwan is in Kanadeesk model en nijslêzer op Naked News. Kwan heart ta de earste generaasje Sineesk-Kanadezen dy't berne en opbrocht waard yn Toronto.

Kwan learde foar mûlehygiënist foardat hja yn juny 2001 by de cast fan Naked News kaam. Sy presintearret dêr geregeldwei it ûnderdiel Naked in the Streets; sy ynterviewet minsken op de strjitte oer in ferskaat oan ûnderwerpen. Meast docht hja dat mei ûntbleate boarsten, mar somtiids ferskynt hja folslein neaken.

Kwan wennet op 't heden yn it Feriene Keninkryk dêr't hja har Lily in the UK makket, mei oar nijs en ynterviews mei artysten. Sy reizget in soad nei it bûtenlân om tal fan barrens te filmjen.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: