Linton Kwesi Johnson

Linton Kwesi Johnson, ek wol LKJ neamd, (Chapelton, 24 augustus 1952) is in Britsk-Jamaikaansk dichter. Hy wurdt beskôge as de earste dub-dichter. Op syn alfde emigrearre er mei syn âldelju fan Jamaika nei Londen, dêr't hy namme meitsje soe, as dub-dichter én as polityk aktivist. Syn muzyk hat in soad reggae-ynfloeden.

Linton Kwesi Johnson
sjonger en/of muzikant
Linton Kwesi Johnson
Linton Kwesi Johnson
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne 24 augustus 1952
berteplak Chapelton
wurkpaad
sjenre Dub poetry, aktivist, dichter
sjongtaal Jamaikaansk-Kreoalsk, Ingelsk
jierren aktyf 1978 - no
LKJ by in konsert yn Brussel yn 2017

Libben bewurkje seksje

Linton Kwesi Johnson wie al op jonge leeftyd aktyf, as skriuwer en as polityk aktivist. Noch in syn middelbere-skoalletiid sleat hy him oan by de Black Panthers. Foar dy beweging hâlde hy him dwaande mei it organisearjen fan poëzij-manifestaasjes. Hy wie yn dy tiid ek lid fan "Rasta Love", in groep dichters en drummers, dêr't er syn lettere, aparte styl fan optreden, ûntwikkele.

LKJ syn gedichten ferskynden yn it blêd Race Today, en dat joech yn 1974 ek syn earste poëzy-bondel út, ûnder de titel "Voices of the Living and the Dead". In jier letter folge by Bogle-L'Ouverture de twadde: "Dread Beat An' Blood", wat ek de titel wurde soe fan syn earste LP, dy't yn 1978 troch Virgin útbrocht waard. Fan syn tredde boek, "Inglan Is a Bitch", stiene ferskate gedichten ek op syn twadde LP, "Forces of Victory", útbrocht yn 1979 troch Island. De toan yn syn boeken en de muzikale ekspresje bleaune de militante kant it neist. Syn optredens wiene minimalistysk fan opset. Mei ien as twa bandrecorders mei de begeliedende muzyk reizge LKJ it club-sirkwy ôf, dêr't er syn gedichten as in "rapper avant la lettre" oer it fuotljocht brocht.
Op syn tredde LP, "Bass Culture", ek foar Island, komme der ek wat mear persoanlik tinte teksten nei foaren. Nei dizze plaat makke Johnson noch twa platen foar it Island Label: "LKJ in Dub" en "Making History".

Doe't dy lêste plaat yn 1983 útkaam, hie Johnson al twa jier in eigen label: "LKJ Records", dat begûn mei de produksje fan twa singles fan de Jamaikaanske dichter Michael Smith.
Yn de tachtiger jierren wie LKJ ek as sjoernalist aktyf by "Race Today". En yn dyselde tiid makke er foar de BBC in searje radioprogramma's oer Jamaikaanske populêre muzyk.

Syn eigen platemaatskippij brocht yn 1985 in LP út fan in konsert dat hy mei de "Dennis Bovell Dub Band" yn de Queen Elisabeth Hall yn Londen joech. Mei dy band soe er de hiele wrâld oerreizigje.

Yn de 90-er jierren makke LKJ tegearre mei Dennis Bovell it album "LKJ in Dub: Volume Two". Syn oant no ta lêste wurk as muzikant is it album "More Time", dat yn 1998 ferskynde.

Foar syn krewearjen as dichter en muzikant hat Linton Kwesi Johnson ferskate prizen takend krigen, mar hy sil de skiednisboeken yngean as "de earste Dub-poëet" en neffens guon as de earste rapper.

Tekst, ritme en polityk bewurkje seksje

Oars as de measte reggaemuzikanten is "LKJ" net religieus; hy bekritisearre de yn de reggae hearskjende rastafari-religy as ûnrealistysk en reaksjonêr. Yn syn teksten formulearret Johnson in eksplisyt radikaal linkse krityk op de kapitalistyske maatskippij fan Ingelân. Syn ûnderfiningen mei rasisme, wurkleazens en geweld steane sintraal. Johnsons teksten wurde karakterisearre troch in sterk ritme en metrum en troch it brûken fan syn eigen taal, wêrtroch 't de teksten oerflakkich beskôge faak ûntagonklik lykje. Johnson sei: "Myn wize fan skriuwen en optreden is as in resultaat fan de spanning tusken Jamaikaansk Kreools en Jamaikaansk Ingelsk en tusken dy en Ingelsk Ingelsk Ingelsk". "Kwa foarm en ynhâld wjerspegelje se de ûnderfining fan "opgroeie yn in koloniale mienskip en dan hjir komme te wenjen." [1] Johnson hat útsprutsen politike mienings, sa wurdt er sitearre:
"Wat betsjut it om swart te wêzen yn Grut-Brittannië? It betsjut datst in geweldige striid leverje moatst foar dingen dy ’t foar it grutste part fan de maatskippij fanselssprekkend binne: Húsfêsting, ûnderwiis, fakbûnsrjochten ensfh. It betsjut datst, ek al bist yn Ingelân berne, foar altyd as ymmiisant beskôge wurdst. It betsjut datst oan de ûnderkant fan dizze maatskippij stiest en altyd besikest om de koloniale regels te brekken".

Bibliografy bewurkje seksje

  • Voices of the Living and the Dead (1974)
  • Dread Beat An' Blood (1975
  • Inglan Is A Bitch (1980)
  • Tidings An' Times (1991)

Diskografy bewurkje seksje

  • Dread Beat An Blood (1978)
  • Forces of Victory (1979)
  • Bass Culture (1980)
  • LKJ in Dub (1981)
  • Making History (1983)
  • LKJ Live in Concert with the Dub Band (1985)
  • Tings An' Times (1991)
  • LKJ in Dub: Volume Two (1992)
  • LKJ Presents (1996)
  • LKJ A Capella Live (1996)
  • More Time (1998)
  • LKJ in Dub: Volume Three (2002)
  • LKJ Live in Paris with the Dennis Bovell Dub Band (CD & DVD, 2004)

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Linton Kwesi Johnson, zitiert nach George Lipsitz: Dangerous Crossroads. Hannibal 1999, s. 166 f.