In lisboksstâl[1] is in type stâl foar it hâlden fan kij, benammen foar de melkfeehâlderij. Yn sa'n stâl rinne de bisten los om op in flier fan betonnene roasters mei skreven deryn dêr't de dong en jarre trochhinne falle, yn 'e twa oant trije meter djippe jarrekolk ûnder de flier. Soms hat sa'n stâl ek in tichte flier mei automatyske mjukserij dy't de dong nei in jarrekolk ta skoot. It wurd 'lisboksstâl' ferwiist nei it feit dat der foar alle kij in saneamde lisboks beskikber is. Dat is in langwerpige romte oan 'e sydkant fan of midden op 'e roasters, fan likernôch 1.10 m breed en 2.40 m lang dêr't in bist lizzen gean kin om út te rêsten, te sliepen of gewoan te wjerkôgjen. Sokke lisboksen hawwe in stek oan 'e foarkant, sadat kij der mar op ien manear yn kinne. Se binne fierders sa koart dat de kont fan 'e ko justjes oer de râne hinne útstekt; dat komt foar dat de ko yn 'e lisboks skyt of miicht en soarget derfoar dat de dong en jarre op 'e roasters delkomt. Foarhinne hiene lisboksen gewoan in betonnene flier, mar tsjintwurdich binne se út it eachpunt fan bistewolwêzen oer it algemien tarist mei in 2 sm tsjûke rubberne matte, oerdutsen mei in laagje seachsel of soms sân.

De binnenkant fan in lisboksstâl.

Lisboksstâlen binne ornaris opdield yn trije parten: twa beroastere dielen by de lange stâlsiden lâns, mei in riidpaad yn 'e midden, dêr't de boer him rinnende troch beweecht en ek mei de trekker en ladewein troch ride kin. Oan 'e beide úteinen fan 'e stâl is dan in grutte skodoar dêr't de trekker troch yn en út kin. It riidpaad wurdt skaat fan 'e beide beroastere stâldielen troch in leech muorke fan likernôch 30 oant 50 sm heech, mei dêr boppe-op in stek yn 'e foarm fan in dikke metalen buis dy't yn alderlei foarmen bûgd wêze kin. Dat saneamde foerstek is sa makke dat kij der de kop trochhinne stekke kinne, mar dat it te smel is foar de skouders. De boer struit it rûchfoer, lykas kuil, hea of (by 't simmer) farsk meand gers, foar de stekken lâns, dêr't de kij it opfrette.

De bûtenkant fan in lisboksstâl.

Pas oan 'e ein fan 'e 1970-er jierren kaam de lisboksstâl yn 'e moade. Foar dy tiid stiene de kij winterdeis altyd fêst, oan it keatling, op in gropstâl. Simmerdeis, as de kij yn 'e greide rûnen, moasten se dan faak earst faak 'opset' (d.w.s. op stâl set) wurde ear't der molken wurde koe. Dat melken waard iuwenlang mei de hân dien, mei in amer ûnder de ko om 'e molke yn op te fangen en de boer of boere-arbeider der njonken op in tuolle (in soarte fan ienpoats krukje dat oan in rym om 'e mul droegen wurde koe). Dat wie in tige bewurklik proses dat skaalfergrutting yn 'e melkfeehâlderij lange tiid tsjinkearde. Mei de opkomst fan 'e melkmasine, dy't in grutte arbeidsbesparring opsmiet, waarden feehâlderijbedriuwen geandewei de twadde helte fan 'e tweintichste iuw hieltyd grutter.

De yntroduksje fan 'e lisboksstâl wie in logyske folgjende stap yn dat proses. Yn lisboksstâlen wurde de kij molken yn in ynboude of oanboude melkstâl, dêr't de kij ûnder melkenstiid sels nei ta komme om't se ûnder it melken krêftfoer (biks) krije, dêr't se sljocht nei binne. In fierdere ûntwikkeling is de melkrobot, wêrmei't it melkproses hielendal meganisearre rekket. Noch wer in oare fernijing is de draaimelkstâl of melkkarûssel, wêrby't de kij op in stadich draaiende skiif stappe om molken te wurden en by de boer lâns draaie, sadat dy gjin tiid mear ferdocht mei hinne en wer rinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1096.