Liuwe Tamminga (Himmelum, 25 septimber 1953 - Bologna, 29 april 2021) wie in Nederlânsk oargelist en klavesinist dy't him spesjaal talein hat op Italjaanske âlde muzyk.

Karriêre bewurkje seksje

 
Oargel en heechalter fan San Petronio yn Bologna, wurkplak fan Liuwe Tamminga

Liuwe Tamminga waard oplaat oan it Prins Claus Konservatoarium yn Grins troch ûnder oaren Wim van Beek en Willem Frederik Bon. Hy folge ek masterclasses by Olivier Messiaen, Marie-Claire Alain, Ewald Kooiman, Louis Toebosch, Gustav Leonhardt, Xavier Darasse en oaren.

Nei it heljen fan syn eindiploma yn 1977 studearre er fierder yn Parys by André Isoir en Jean Langlais en yn Italië by Luigi Ferdinando Tagliavini. Mei dy lêste dielde er fan 1982 oant dy syn dea yn 2017 de oanstelling fan oargelist-titularis fan de tsjerkoargels fan de Sint-Petroniusbasilyk yn Bologna. Dy histoaryske ynstruminten binne makke troch de oargelbouwers Lorenzo da Prato yn 1471-1475 en Baldassarre Malamini yn 1596.

It slagge Tamminga en bou in ynternasjonale karriêre op as spesjalist yn Italjaanske renêssânse- en barokmuzyk. Hy spilet op oargelfestivals as dy yn Boston en Haarlim en jout masterclasses oan beoefeners fan âlde muzyk, ûnder mear oan de Accademia di Musica Italiana per Organo yn Pistoia. Hy hat gearwurke mei muzisy lykas Frans Brüggen, Bruce Dickey en Sergio Vartolo en mei ensembles as Concerto Palatino en Odhecaton. Yn 1990 bespile er it oargel by de wrâldpremiêre fan Beatus Petronius en Statuit ei Dominus van Arvo Pärt yn de Sint Petroniusbasilyk. By de útfeart fan prins Claus op 15 oktober 2002 spile Tamminga op it Bätz-oargel yn de Nije Tsjerke yn Delft.

Hy hat fergetten rekke 16e-iuwse komponisten as Fiorenzo Maschera, Marco Antonio Cavazzoni, Giulio Segni en Jacques Buus wer bekend makke en harren wurk útjûn. Tamminga hat fierders in soad cd-opnamen makke, meast op Italjaanske oargels, fan wurken fan ûnder oaren Andrea en Giovanni Gabrieli, Palestrina, Giovanni de Macque, Girolamo Frescobaldi, Marco Antonio Cavazzoni, Wolfgang Amadeus Mozart en Giacomo Puccini. Fan de lêstneamde komponist fersoarge er yn 2008 en 2017 cd-premiêres fan in tal weromfûne oargelstikken.

Liuwe Tamminga is ook konservator van de Collezione Tagliavini in het San Colombano Museum in Bologna, een door Luigi Ferdinando Tagliavini bijeengebrachte en in 2010 opengestelde verzameling van 70 historische toetsynstruminten.

Prizen en ûnderskiedingen bewurkje seksje

  • 1979 Premier Prix d’interprétation, Conservatoire d’Orsay, Frankryk
  • 1980 Earste priis by it Nasjonaal oargelymprovisaasjekonkoers Boalsert, Nederlân
  • 1981 Second Prix d’improvisation, Conservatoire d’Orsay, Frankryk
  • 1982 Prix d’excellence, Steds Konservatoarium, Grins
  • 1991 Choc de la musique, Premio Internazionale Antonio Vivaldi van de Fondazione Cini yn Feneetsje
  • 1997 Choc de la musique
  • 2003 Gouden medalje Madonna della Porticella, Miglionico (Basilicata),
  • 2005 Preis der Deutschen Schallplattenkritik
  • 2006 Preis der Deutschen Schallplattenkritik

Publikaasjes bewurkje seksje

  • Orgellitteratuur bij het Liedboek voor de Kerken, Bosch & van Keuning, 1983
  • Italienische Meister um 1600: 5 Stücke für zwei Orgeln, Doblinger, 1988
  • Musica Nova Ricercari (Venezia 1540), Andromeda, 2001
  • Giovanni de Macque Opere per tastiera – Vol. I Capricci-Stravaganze-Canzoni etc., Andromeda, 2002
  • Giovanni Pierluigi da Palestrina Ricercari sugli otto toni, Thesaurum absconditum, Andromeda, 2003
  • Jacques Buus Intabolatura d’Organo di Ricercari (Venezia 1549), Arnaldo Forni, 2004
  • Marco Antonio Cavazzoni Recerchari Motetti Canzoni (Venezia 1523), Il Levante Libreria, 2008

Keppeling om utens bewurkje seksje