Haadmenu iepenje
In stânbyld fan 'e loa Legba.

Loa of lwa (fan it Frânske lois, "wetten") binne de geasten fan 'e voodoo fan Haïty en Louisiana. Hja wurde ek wol mystères ("mystearjes") of invisables ("ûnsichtberen") neamd. Loa funksjonearje as tuskenpersoanen tusken de minskheid en Bondye, de almachtige skepper (fan it Frânske bon Dieu, "de goede God"). Oars as ingels en hilligen wurde loa lykwols troch de oanhingers fan voodoo net inkeld oanbean, mar tsjinne. Se wurdt allegearre foarsteld as ûnderskate wêzens mei har eigen foarkarren en ôfkearen, eigen hillige ritmes, lieten, dûnsen, rituële symboalen en ferearing. Oars as dat wol tocht wurdt, binne loa sels lykwols net godheden; se binne ôfhinklik fan 'e ôfhâldige, fiere himelgod Bondye.

SynkretismeBewurkje

It leauwe yn loa komt fuort út it synkretisme fan 'e natoerreligyen fan 'e Fon, Éwé, Jorûba en oare folken út West-Afrika en Sintraal-Afrika, dy't as slaaf nei Haïty brocht waarden, mei it roomsk-katolisisme fan harren blanke, Frânske eigners. Oarspronklik wiene de loa wierskynlik natoergeasten of foarâlden dy't fereare waarden, mar yn 'e tiid fan 'e slavernij waarden se lykslein mei beskate kristlike hilligen. Sa hat Legba, ek bekend as Papa Legba, skaaimerken fan sawol de apostel Petrus as Lazarus fan Betanië oannommen. It synkretisme wurke ek de oare kant út, en sa kin it dat yn 'e Haïtiaanske voodoo beskate roomske hilligen ta loa wurden binne. Foarbylden dêrfan binne Filomena, de aartsingel Michael, de apostel Judas en Jehannes de Doper.

RituëlenBewurkje

Yn rituëlen wurde de loa oproppen troch in houngan (preester), mambo (preesteresse) of bokor (tsjoender of heks) om offers te ûnfangen en fersiken yn te willigjen. De loa arrivearje op it plak fan ferearing troch in 'hynder' (leauwende) te 'bestiigjen' (besetten). De leauwende dy't troch de geast beset wurdt, hjit yn it Haïtiaansk-Kreoalsk in chwal (útspr.: "sjwal"), fan it Frânske cheval ("hynder"). De chwal wurdt dan "beriden" troch de loa, wat útmûnje kin yn in gewelddiedich barren wêrby't de chwal yn it wylde wei om him hinne slacht of op 'e grûn falt en stupen kriget. Guon loa, lykas Ayizan, steane derom bekend dat se harren 'hynders' tige kalm 'bestiigje'.

Guon loa fertoane, as se in chwal 'beride', troch de dieden fan 'e chwal tige opmerklik hâlden en dragen, dêr't se oan weromkennen wurde kinne. Dêrby kin it gean om it uterjen fan spesifike wurden of it dwaan fan spesifike dieden. Sadree't men wit hokker loa oft men foar jin hat, kinne de juste symboalen oerlange wurde. Sa kriget Erzulie Fréda bgl. in glês rôze sjampanje, wurdt se besprinzge mei it juste rûkersguod en wurde har chwal har juwiellen omdien; Legba kriget syn gongelstôk, strieën hoed en piip; en Baron Samedi, dy't oer it algemien plat oer de flier falt, wurdt troch de leauwenden klaaid as foar in begraffenis.

As de loa iten krigen hawwe en tsjinne binne, en mooglik help of rie oan 'e leauwenden jûn hawwe, ferlitte se it plak fan ritueel. Guon loa kinne yn dat stadium fan it ritueel tsjinnich wurde; de guédé steande der bgl. om bekend dat se altyd noch ien kear smoke of noch ien ekstra drankje hawwe wolle. It is de taak fan 'e houngan of mambo om 'e geasten yn sokke gefallen yn 'e stringen te hâlden, en harren fuort te bonsjoeren as se genôch hân hawwe.

NanchonsBewurkje

De loa binne yndield yn in grut tal nanchons (fan it Frânske nations, "naasjes"). De wichtichsten dêrfan binne de rada, petro, nago, kongo en guédé.

De rada of radha binne oer it algemien âlder, en in soad fan 'e geasten fan dy nanchon komme út it Afrikaanske Keninkryk Dahomey (no Benyn). It binne foar it meastepart wettergeasten, en in soad rada wurde dan ek tsjinne mei wetter. Harren tradisjonele kleur is wyt. Se wurde ek wol omskreaun as 'koel', yn 'e sin dat se folle minder agressyf binne as de petro. Bekende rada binne Legba, Loco, Ayizan, Damballa, Ayida-Weddo, Erzulie Fréda, La Sirène en Agwé.

De petro, pethro of petwo binne in stik fjurriger as de rada, en dogge har by gelegenheid foar as agressyf en oarlochssuchtich. Hja wurde assosjearre mei de Nije Wrâld en mei Haïty yn it bysûnder. Harren tradisjonele kleur is read. Bekende petro binne Ezili Dantor en Met Kalfu (fan Maître Carrefour, "Master Krúspunt").

De nago komme oarspronklik út 'e gerjochtichheid fan 'e Jorûba, yn wat no súdwestlik Nigearia en súdlik Benyn is. Ta dizze nanchon hearre in soad fan 'e ogoun-loa.

De kongo komme oarspronklik út it streamgebiet fan 'e rivier de Kongo, yn Sintraal-Afrika. Ta dizze nanchon hearre ek it grutte tal simbi, in soarte fan sub-nanchon. In bekende kongo is Marinette, in agressive en tige freze froulike loa.

De guédé, ghede of gede binne de geasten fan 'e ferstoarnen, dy't tradisjoneel oanfierd wurde troch de baronnen (Baron La Croix, Baron Samedi, Baron Cimitière en Baron Kriminel) en troch Maman Brigitte. Oer it algemien binne de guédé lûdroftich en ûnfatsoenlik (hoewol selden wier misledigjend), en hâlde se fan seks en willemeitsjen. Om't harren libben al dien is, hawwe se neat mear om bang foar te wêzen, en dêrom wolle se faak sjen litte hoe'n bytsje oft harren noch deare kin. Yn earetsjinsten kin dat him uterje troch it iten fan glês of rauwe silypipers, of troch it besprinzgjen fan gefoelige lichemsdielen mei sily-rum. Harren tradisjonele kleuren binne swart en pears.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.