Haadmenu iepenje
Lolle Nauta

Lolle Wibe Nauta (Snits, 9 febrewaris 1929Grins, 11 septimber 2006) wie in Nederlânske filosoof en partij-ideolooch fan de PvdA.

Nauta, dy't teology, filosofy en sosjology studearre yn ûnder oaren yn Grins en Göttingen, promovearre op in proefskrift oer Albert Camus, en wie fan 1971 oant syn emeritaat yn 1994 heechlearaar wittenskipsfilosofy en sosjale filosofy oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn syn filosofyske wurk fersette er him tsjin de pretinsjes fan alomfiemjende filosofyske systemen, en sette dêr in filosofy tsjinoer dy't altyd "aan het verplaatsen" is, fan it iene mêd nei it oare. It begjin fan sa'n ferskowing seach er by Descartes, dy't de filosofy en de natuerwittenskippen al mei elkoar ferbûn.

Doe't er noch jong wie studearre er ûnder oaren by de wiisgearich antropolooch Helmuth Plessner, dy't lykas Nauta in brede fassinaasje hie foar it ferskyn 'minske'. Plessner soe er letter omskriuwe as syn learmaster.

Nauta wie ek warber mei polityk en bejoech him regelmjittich yn it publike debat. Yn de jierren santich neamde er himsels noch marksist, mar letter fûn er de ekonomyske teorieën fan Marx ferâldere. Nauta waard bekend as ideolooch fan de PvdA. Hy redigearre it begjinselprogramma fan dizze partij en droech by oan politike en kulturele diskusjes. Sûnt de komst fan Wim Kok as foaroanman, miende er dat de PvdA "visieloos". Yn de jierren '50 wurke Nauta foar de Regionale Omrop Noard, de foarrinner fan û.o. RTV Noord. Nauta wie de broer fan âld-CDA-steatssekretaris Dieuwke de Graaff-Nauta.

Nauta wie yn 1994 de earepromotor fan Rudy Kousbroek, doe't dy in earedoktoraat krige oan de Ryksuniversiteit Grins.

BibliografyBewurkje

  • 1960: De mens als vreemdeling: een wijsgerig onderzoek naar de antropologische en religieuze betekenis van het probleem der absurditeit en de figuur van de vreemdeling in de moderne literatuur. Amsterdam: Van Oorschot. Dissertaasje RuG.
  • 1966: Jean-Paul Sartre. Baarn: Het Wereldvenster.
  • 1969: Theorie en praxis bij Marcuse. Baarn: Het Wereldvenster.
  • 1975: Het neopositivisme in de sociale wetenschappen : analyse, kritiek, alternatieven. Red., mei Ernst Nagel.
  • 1971: Argumenten voor een kritische ethiek. Amsterdam: Van Gennep.
  • 1979: Maatschappij of methode: bijdragen tot het internalisme/externalisme-debat. Gearstald mei Gerard de Vries.
  • 1981: De gerealiseerde utopie en andere sociaal-filosofische stukken. Amsterdam: Ven Gennep.
  • 1987: De factor van de kleine c: essays over culturele armoede en politieke cultuur. Amsterdam: Ven Gennep.
  • 1988: Een toekomst voor het socialisme? theorievorming aan het eind van de 20ste eeuw. Mei J.P. Koenis en Mieke Aerts. Amsterdam: Ven Gennep.
  • 1992: De rol van de intellectueel: een discussie over distantie en betrokkenheid. Amsterdam: Ven Gennep.
  • 1993: Plessner's Anthropologie im gesellschaftlichen Kontext (über die Pragmatik eines Konzepts der menschlichen Person). Grins: Fakulteit fan de Wijsbegearte, RuG.
  • 1994: Burgers en vreemdelingen: opstellen over filosofie en politiek. Mei Dick Pels en Gerard de Vries.
  • 1997: Tussen de stille stenen. Mei Ben Okri, Wim Bossema en Anil Ramdas.
  • 1999: Stasjonearre yn Fryslân: essays, besprekken en polemiken. Ljouwert: Fryske Akademy.
  • 2000: Onbehagen in de filosofie: essays. Amsterdam: Van Gennep.
  • 2002: Ik denk niet na : kwesties en pretenties in de filosofie. Amsterdam: Van Gennep.
  • 2004: Vreemdelingen. Groningen: Faculteit der Wijsbegeerte, RuG.
  • 2008: Politieke Stukken. Een pleidooi voor Kosmopolitisme. Amsterdam: Van Gennep.

Keppelings om utensBewurkje