Long John Silver (Ingelsk foar "Lange John Silver") is in ferneamd fiktyf personaazje en de wichtichste antagonist út 'e histoaryske jeugd- en aventoereroman Treasure Island, fan 'e Skotske skriuwer Robert Louis Stevenson. Dat wurk waard yn 1881-1882 yn in iere ferzje as fúljeton publisearre en yn 1883 yn syn úteinlike foarm as boek. Silver is fierwei it kleurrykste en meast komplekse personaazje yn 'e roman. Hy wurdt yntrodusearre as skipskok, mar blykt de slûchslimme lieder en kaptein fan in groep seerôvers te wêzen. De opmerklikste eleminten yn ferbân mei Silver binne dat er syn lofterskonk mist en himsels fuortbeweegd mei in kruk ûnder de lofterearm, wylst er in pappegaai op it skouder hat. Long John Silver, syn foarkommen en hâlden en dragen hawwe in ûnbidige ynfloed hân op it byld dat yn 'e Westerske popkultuer bestiet fan 'de seerôver'.

Long John Silver
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) John Silver, Jack
bynamme Long John
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Britsk
berop/amt seerôver, kok, kaptein
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Jim Hawkins
attributen kruk, pappegaai
geastlike heit Robert Louis Stevenson
útjouwer Cassell & Co.
ûntstean 1881
Dizze side giet oer it fiktive personaazje Long John Silver. Foar oare betsjuttings, sjoch: Long John Silver (betsjuttingsside).

Ynspiraasje bewurkje seksje

Neffens de brieven fan Robert Louis Stevenson basearre er it personaazje fan Silver, alteast wat syn lichaamlik foarkommen en garisma oanbelanget, op syn freon William Ernest Henley, in skriuwer en redakteur. Yn in brief oan Henley dy't datearret fan nei de publikaasje fan Treasure Island, skreau Stevenson iepentlik: "Ik sil no wat opbychtsje. It wie it oansjen fan dyn skeinde krêft en gesach dêr't Long John Silver út berne waard." De styfsoan fan Stevenson, Lloyd Osbourne, omskreau Henley as "[...] in grutte, gloedzjende keardel mei ûnbidige skouders, in grut read burd en in kruk; joviaal en bjusterbaarlike fernimstich, waans laitsjen rôle as muzyk; hy hie alderraarst sa'n fjoer en in ûnfoarstelbere fitaliteit oer him; men waard meisleept troch syn persoanlikheid."

Foarkommen bewurkje seksje

Yn Treasure Island wurdt Long John Silver foarsteld as in burdige man yn syn middeljierren, dy't tige lang en sterk is. Syn gesicht wurdt omskreaun as "sa grut as in ham – ûnsjoch en bleek, mar yntelligint en glimkjend". Syn foarkommen wurdt lykwols dominearre troch syn missende lofterskonk, dy't (neffens de tekst fan it boek) "deunby de heup" ôfset is. Silver beweecht him fuort mei in kruk ûnder de lofterearm. Stevenson skriuwt dêroer: "[...] ûnder it lofterskouder hold er in kruk, dy't er beweegde mei bjusterbaarlike handigens, sadat er dermei hinne en wer hipte as in fûgel."

Hoewol't hja yn 'e roman inkeld neamd wurdt (mar net foarkomt), is Silver troud mei in frou fan Afrikaanske orizjine, dy't er fertrout om syn saken yn Bristol te behertigjen as er op reis is, en letter ek om syn besittings dêre te ferkeapjen as syn dieden syn weromkear ûnmooglik meitsje.

Silver hâldt in pappegaai as húsdier, in fûgel dy't er de namme Kaptein Flint jûn hat, ta ear (of by wize fan bespotting) fan syn eigen eardere oerhearrige, de beruchte seerôver kaptein J. Flint. De pappegaai sit him ornaris op it skouder en uteret brokjes seemansjargon lykas "Spaanske matten" en "Klear om oerstaach te gean". Neffens de ferhalen dy't Silver oan Jim Hawkins fertelt, is it bist miskien wol twahûndert jier âld, mei't pappegaaien "foar it meastepart ivich libje". It bist soe nei Madagaskar, Suriname en Providence (Rhode Island) fearn hawwe, en Silver wol hawwe, inkeld de duvel sels hat mear kweadoggerij sjoen.

Persoanlikheid bewurkje seksje

Long John Silver komt út Treasure Island yn it earstoan nei foarren as in iverige en sympatike seeman, mar neigeraden dat it ferhaal foarderet, docht bliken dat er eins in slûchslimme en opportunistyske seerôver is. It iene wisket it oare lykwols net út, en der bestiet in oansjenlike dualiteit yn it karakter fan Silver sa't Stevenson him beskriuwt. Hy is yn elts gefal in tige garismatyske persoanlikheid, dy't foar de jonge Jim Hawkins as in mentor tsjinnet en meitiid sels as in pleatsferfangend heitfiguer, mei't syn eigen heit koartby hommels kommen is te ferstjerren. It liedt sadwaande by Jim ta in grutte skok en frijwat emosjonele betizing as er ûntdekt dat Silver eins de lieder is fan in binde seerôvers dy't fan doel binne en fermoardzje syn freonen. Dat wurdt noch helte minder as Jim letter twongen wurdt om 'e konfontaasje mei Silver oan te gean en him te befjochtsjen.

Hoewol't er ferriedlik is en altyd ree om oer te rinnen nei de tsjinpartij as dat yn syn eigen belang is, hat Silver ek goede eigenskippen. Sa hat er in beskate wiisheid dy't de measte seerôvers ûntbeare, en is er sunich mei syn jild, yn tsjinstelling ta it rije ferslampamperjen dat oare seerôvers mei har ynkomsten dogge. Ek is er moedich en skrillet er der net foar tebek om it yn sabelgefjochten en slaanderij, nettsjinsteande syn lichaamlike beheining, tsjin ferskate tsjinstanners op te nimmen.

Fiktive biografy bewurkje seksje

Oer it ferline fan Silver is inkeld bekend wat er dêr sels oer fertelt, en dat hoecht net needsaaklikerwize wier te wêzen. Neffens wat er oan 'e haadpersoan Jim Hawkins fertelt, hat er by de Britske Keninklike Marine tsjinne, en is er dêr syn lofterskonk kwytrekke doe't er ûnder "de ûnstjerlike Hawke" fear. Nei't men oannimme mei om as lichaamlik beheinde man yn syn libbensûnderhâld te foarsjen yn in tiid dat der gjin útkearings wiene, waard Silver neitiid seerôver. Sa fear er ûnder mear mei Edward England. Troch syn yntelliginsje en fernimstigens klom er op troch de rangen. Hy wie kertiermaster ûnder de beruchte seerôver kaptein Flint. Neffens syn eigen sizzen is hy de iennichste man fan wa't Flint ea benaud west hat.

Yn Treasure Island docht Silver him yn 't earstoan foar as de skipskok fan 'e Hispaniola. Dat is de skoender wêrmei't it selskip fan jonker Trelawney ôfreizget nei it Skateilân yn 'e tropen, dêr't kaptein Flint syn skat ferburgen hawwe soe neffens in opdûkte skatkaart. Silver brûkt syn pappegaai Kaptein Flint as in middel om it fertrouwen fan 'e jonge Jim Hawkins te winnen, dy't as hutbetsjinde fan jonker Trelawney op 'e Hispaniola meifart. Troch in ôfharke petear komt Jim der lykwols op in stuit efter dat it meastepart fan 'e bemanning bestiet út seerôvers dy't ûnder Flint fearn hawwe, en dat Silver harren lieder is. Hja binne fan doel om 'e skat nei't er fûn is, te stellen en kaptein Smollett, jonker Trelawney, dokter Livesey en it loyale diel fan 'e bemanning om hals te bringen by in skipsoproer.

Op it Skateilân oankommen wurdt Silver troch guon fan 'e oare seerôvers twongen om it oproer te begjinnen foar't de skat fûn is. Tanksij tuskenkomst fan Jim witte de ofsieren de dea te ûntrinnen en beskûl te finen yn in ferlitten fort op it eilân, dat fan beamstammen boud is. Der folget in belegering troch de seerôvers, dy't einiget mei harren bestoarming fan it fort, mei deaden oan beide kante ta gefolch. Jim ûntkomt en ferpleatst de Hispaniola nei in oare baai. As gefolch fan 'e ferdwining fan it skip slute de stridende partijen in oerienkomst, wêrby't de piraten de ofsieren en har oanhingers gean litte yn ruil foar de skatkaart. By weromkear yn it fort wurdt Jim troch de seerôvers finzen nommen. Sadwaande is hy derby as Silver-en-dy it plak fan 'e skat fine, mar ûntdekke dat immen har foar west hat. De oerbleaune fiif moardsuchtige seerôvers binne poerrazen en keare har tsjin Silver. Mei inkeld Jim, in opslûpen jonge, as stipe, wegeret Silver lykwols om tebek te wiken. De ofsieren komme de seerôvers oer it mad, dy't by in fûleindige fjochtpartij deade wurde.

 
De Ingelske akteur Brian Blessed, dy't yn 1985 in ûnferjitlike aktearprestaasje as Long John Silver joech yn 'e minysearje Return to Treasure Island.

Neitiid leit dokter Livesey út dat Ben Gunn, in seerôver dy't troch kaptein Flint by wize fan straf op it Skateilân efterlitten wie, de skat al lang lyn fûn en ferpleatst hie. De oerlibjende leden fan 'e ekspedysje lade in diel fan 'e skat oan board fan 'e Hispaniola en sette ôf nei hûs. Silver wurdt meifierd as finzene, mei de bedoeling om him nei thúskomst berjochtsje te litten. Yn 'e earste haven dy't se oandogge, yn Spaansk-Amearika, ûntkomt er lykwols mei in ponge mei trije- of fjouwerhûndert guinjes oan goud by him. Dat is in folle lytser oandiel fan 'e skat as de oare leden fan 'e ekspedysje har ta-eigenje, mar dochs in flinke bats jild. Jim stiet tsjin dy tiid noch altyd ynderlik yn twastriid wat Silver oangiet, en hy seit dat er mar hoopje sil dat Silver it goud brûke sil om in noflike âlde dei fan te bekostjen, "want syn kânsen op noflikens yn in oare wrâld binne tige lyts." (Mei oare wurden: nei syn ferstjerren giet er nei de hel.)

Fertolkers bewurkje seksje

Fan Treasure Island binne in grut tal film- en tillefyzje-adaptaasjes makke. De rol fan Long John Silver is dêrby spile troch akteurs as:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.