Lusius Aelius Fearus

Lusius Aelius Fearus (13 jannewaris 101 - 1 jannewaris 138), koartwei Aelius hjitte ynearsten Lusius (Aurelius) Seionus Kommodus (Fearus), wie de adopteare soan en beëage opfolger fan de Romeinske keizer Hadrianus, mar soe nea keizer wurde.

Lusius Aelius Fearus (Louvre)

Hy waard berne om-ende-by 102 as in telch fan in âld earbiedwurdige Etruskyske famylje en wie boaske mei Domitia Lucilla.

Hy krige de titel Caesar omdat er, neffens de tradysje fan de adoptyfkeizers, troch keizer Hadrianus yn febrewaris 136 troch adopsje as syn opfolger beneamd waard. Hjirtroch waard syn folsleine namme Lusius Aelius (Fearus) Caesar. Yn datselde jier wurdt hy ek ta gûverneur beneamd fan de provinsje Pannoanje. Ein 137 keart er werom nei Rome, mar ferstoar dêr op 1 jannewaris 138, krekt inkele moannen foar de dea fan Hadrianus.

Hadrianus beneamde op 25 febrewaris in nije opfolger, Antoninus Pius op betingst dat dizze de soan fan Aelius, letter bekend as Lusius Fearus, mei-keizer fan Markus Aurelius, adoptearje soe as opfolger.

Aelius wurdt nei syn dea tige eare en Hadrianus lit him sels bysette yn it Mausoleum dat foar himsels ornearre wie.