De Lykfeart (offisjeel Frysk) is in feart yn de gemeente De Fryske Marren, tusken de buorskip Ballingboer en Goaiïngaryp. De feart rint fan de Noardbroekster Feart (of Skiensleat) nei it doarp. Yn it ramt fan it Fryske Marren Projekt sil de Lykfeart nei 2006 útbaggele wurde.

De Lykfeart yn Ballingboer

Oer de Lykfeart en hoe't it wetter oan syn namme komd is, skreau Mindert Wijnstra in ferhaal. It stiet yn 'It kweade wiif fan Hylpen........en oare folksferhalen'.

De namme Lykfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Lijkvaart.

Oare lykfearten bewurkje seksje

  • In lykfeart is ornaris it wetter dêr't liken oer nei it tsjerkhôf ferfierd waarden, de opfeart fan de tsjerke. Fearten mei dy namme hawwe der yn ferskate plakken west, bygelyks:
  • Fearten wêrby't de ûnderhâldsplichtigen in lyk oandiel yn it ûnderhâld hienen waarden ek lykfearten neamd. Yn Abbegea en Goaiïngaryp wienen earder sokke lykfearten.

Sjoch ek bewurkje seksje