Lyts Bonêre is in lyts ûnbewenne eilân foar de westkust fan it Karibyske eilân Bonêre, it leit rjocht foar it haadplak fan Bonêre, Kralendijk oer. It eilân is likernôch 6 km² grut en tige flak, it komt net mear as twa meter boppe de see út. Der steane inkelde ruïnes fan âlde slavehutten út de tiid fan de slavernij.

Lyts Bonêre, foar de kust by Kralendijk.

800 Meter wetter skiedet de kust fan Bonêre fan de kust fan Lyts Bonêre. Kommersjele en privee boaten geane faak nei it eilân ta, ek kin it eilân berikt wurde mei de kajak. De grutte attraksje fan it eilân is it koraalrif dat om it eilân hinne leit. In soad dûkers binne der dan ek altyd te finen by it eilân.

Yn it ferline hawwe projektûntwikkelders wol plannen hân om rekreaasjegebouwen op it eilân te setten. Mar dit is tsjinhâlden troch dûkorganisaasjes en natuerbeskermers, tsjintwurdich is Lyts Bonêre in beskerme gebiet.

Yn 1868 waard lyts Bonêre oankocht troch Angel Jeserun, it bleau oant 1999 in priveebesit. Yn dat jier kocht de oerheid fan Bonêre, it Wrâld Natuer Fûns en de Organisaasje foar it behâld fan Lyts Bonêre it stik lân foar 9 miljoen Antiljaanske gûne.

It eilân is hast net begroeid, allinnich inkelde ferskate soarten kaktussen en akasia’s waakse der. Yn de see om it eilân hinne libje in soad seehynders. It eilân sels is it plak dêr’t skyldpodsoarten as de learskyldpod en de karetskyldpod harren nust meitsje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje