Haadmenu iepenje

De Lytse Snitswike (of Lytske Snitswike) is in jierliks barren dat organisearre wurdt troch de Keninklike Wettersportferiening Snits en Horeka Snits. By dit evenemint binne der alle dagen sylwedstriden, yn alle erkende ienheidsklassen, op de Snitser Mar. Yn de binnenstêd fan Snits is in muzykevenemint.

Lytse Snitswike wurdt sûnt 1970 elk jier hâlden fan Himelfeartsdei oant en mei de snei dêrnei. De freed fan Lytse Snitswike stiet bekend as Snitser Stappersjûn.

It evenemint is ôflaat fan de grutte Snitswike, dy't jierliks fan de freed foar de earste sneon yn augustus bart. Drok besochte lokaasjes yn de Lytse Snitswike binne it Kolmarslân, better bekend as it Starteilân, en de binnenstêd fan Snits (Merkstrjitte en omkriten).

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: