De MBS Media Campus is in studiokompleks yn Manhattan Beach, in foarstêd fan Los Angeles yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't de opnamen foar films en tillefyzjeprogramma's plakfine. It bedriuw waard yn 1999 oprjochte en stie lang bekend as de Manhattan Beach Studios. De MBS Media Campus is eigendom fan 'e MBS Group.

MBS Media Campus
algemien
hist. namme Manhattan Beach Studios
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Manhattan Beach (Kalifornje)
oprjochte 1999
eigner MBS Group
offisjele webside
mbsmediacampus.com
kaart
MBS Media Campus (Los Angeles-Súd)
MBS Media Campus
Lokaasje yn it súdlike diel fan 'e stêdekloft fan
Los Angeles.

Skiednis bewurkje seksje

It âldste diel fan 'e MBS Media Campus waard yn 1999 troch boubedriuw Shamrock Holdings of California oan Rosecrans Avenue yn Manhattan Beach boud yn opdracht fan 'e famylje fan Disney-telch Roy E. Disney. De oarspronklike namme fan it kompleks wie Manhattan Beach Studios. Letter waard it studiokompleks ferskate kearen útwreide. Tsjintwurdich is it eigendom fan 'e MBS Group, dy't soartgelikense studiokompleksen yn oare dielen fan 'e Feriene Steaten en Kanada besit. It is ien fan 'e meast technologysk avansearre studiokompleksen fan 'e wrâld, dat fêste kontrakten foar gebrûk hat mei û.m. filmstudio's Lucasfilm en Lightstorm Entertainment en special effects-bedriuw Industrial Light & Magic (ILM).

Fasiliteiten bewurkje seksje

De MBS Media Campus bestiet út in rige gebouwen dy't spesifyk foar it doel fan 'e produksje fan films en tillefyzjesearjes boud binne. Der binne 15 hypermoderne soundstages mei in mienskiplik oerflak fan 36.000  en in backlot fan 8,4 ha dêr't û.m. in strjitte yn New York neiboud is. Dêrnjonken besikt it kompleks oer preproduksje- en postproduksjefasiliteiten, wurkplakken foar it bouwen fan dekôrstikken, mear as 26.000 m² oan kantoarromte, in eigen bioskoop foar it besjen fan it montearre einprodukt en in eigen kafee en cateringtsjinst.

Produksjes bewurkje seksje

Films bewurkje seksje

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel op 'e MBS Media Campus opnommen binne:

Tillefyzje bewurkje seksje

In seleksje fan tillefyzjesearjes en oare tillefyzjeprogramma's dy't alteast foar in diel op 'e MBS Media Campus opnommen binne:

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: