Maas-Ryn-Isel is in Nederlânsk koweras. It ras is erkend sûnt 1905.

MRI fokbolle

De ûntwikkeling fan it Maas-Ryn-Iselfee is úteinset yn de omkriten tusken de Maas, Ryn en Isel. Dêr komt de namme wei. Troch selektive fokkerij waard dit ras ûntwikkele út Münsterkij sûnt de twadde helte fan de 19e iuw.

Dit ras is in dûbelddoel ras, dat gaadlik is foar molke- en fleisproduksje. It ras hat goede skaaimerken lykas fruchtberens, fuotten en libbensdoer.

Sûnt 1970 is it tal kij fan dit ras hurd ôfnommen fanwegen it tanimmende gebrûk fan de Holstein-Friesian en it ynfieren fan it molkekwotum, wêrtroch molkeproduksje wichtiger waard yn de molkfeehâlderij. It tal liters is minder as fan in Holstien-Friesian, mar gehaltes lykas it aaiwyt binne by de MRI heger. In goed aaiwyt gehalte yn molke is mear wurdich.

Yn 2020 wiene der 9.677 folwoeksen froulike bisten (≥ 2 jier). De yntylttaname de generaasje is 0,5 – 1%. Neffens de noarmen fan de FAO wie it ras yn 2020 yn it delgean; troch de fosfaatproblematyk binne in soad bisten romme. Yn 2020 kaam it tal rassuvere MRI-kij tsjin de 6.000 en dat betsjut dat se seldsum wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: