Maine-Anjou

(Trochferwiisd fan Maine Anjou)

De Maine-Anjou (Frânsk: Maine-Anjou, Rouge des Prés) is in koweras dat oarspronklik út de regio Anjou yn west-Frankryk komt.

Maine Anjou, ko en keal

It ras waard ûntwikkele troch boarchgreve Olivier de Rougé (Hûs Rougé) yn 1908 yn Chenillé-Changé. It ras is yn it foarste plak bedoeld foar de fleisproduksje. Maine-Anjou binne meast read-wyt en hawwe hoarnen. It is in grut ras; bollen wurde 998 oant 1406 kilo en kij 680 oant 862 kilo. Yn 1969 waard it ras foar it earst ekportearre nei Kanada (libben) en letter ek nei de Feriene Steaten (middels keunstmjittige ynseminaasje). De Maine-Anjou ûntjoech him ta in dûbelddoelras. De kij wurde wol molken en de bollekeallen foar de fleisproduksje hâlden, mar de measte feehâlders hawwe se as fleisko.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: