Malawy

(Trochferwiisd fan Malawi)
Republyk Malawy
Republic of Malawi
Dziko La Malaŵi
Flagge fan Malawy Wapen fan Malawy
Flagge Wapen
Lokaasje fan Malawy
Offisjele taal Ingelsk, Chichewa
Haadstêd Lilongwe
Steatsfoarm Republyk
Presidint Lazarus Chakwera
(sûnt 28 juny 2020)
Ynwenners 19.5 miljoen (2021)
Munt Malawyaanske kwacha (MAK)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 6 july
Lânkoade MWI
Ynternet .mw
Tillefoan 265

De Republyk Malawy (ek wol stavere as Malawi) is in lân yn it easten fan Afrika. De haadstêd is Lilongwe. It folksliet is Mlungu dalitsani Malaŵi.

Malawy wurdt begrinzge troch:

 
De Nyassamar (Lake Malawi) by Cape Macclear.

It lân bestiet foar in grut part út de Nyassamar dat ek wol neamd wurdt Lake Malawy en somtiden Calendar Lake en is om-ende-by 587 km lang en 84 km breed. Westlik dêrfan is it lânskip bercheftich mei piken oant 2670 meter hichte (Nylkaplato). De fegetaasje is savanne en bosk, wylst yn de berchstreken sprake is fan oanienstrekte wâlden. De rike fauna wurdt beskerme yn nasjonale parken.

Sindelingen út Ingelân festigen harren yn 1875 yn it gebiet om de Nyassamar dat yn 1891 in Britsk protektoraat waard en yn 1907 by Rodeezje foege as de federaasje fan Rodeezje en Nyassalân. Yn 1964 krige Malawy selsstannigens.

De earste presidint fan Malawy Hastings Kamuzu Banda krige by de grûnwet fan 1966 wiidweidige folmachten dy't op inisjatyf fan it bûtenlân yn 1993 beheind wurde soene. Yn 1994 wienen foar it earst frije ferkiezings yn it lân holden.

De befolking Malawy fan om-ende-by 13 miljoen minsken bestiet út ferskate Bantufolken, nammentlik de Chewa, Nyanja, Tumbuka, Yao, Lomwe, Sena, Tonga, Ngony en Ngonde. Oare folkskloften binne Aziaten en Europeanen.

De offisjele talen fan Malawy binne Ingelsk en it Chichewa, dêr't Chichewa fan troch goed 57% fan de befolking as memmetaal sprutsen wurdt. Oare talen binne it Chinyanja (12.8%), Chiyao (10.1%) en Chitumbuka (9.5%).

De measte bewenners fan Malawy binne kristlik, sawat 55% is protestant en 20% wurdt rekkenne ta de Roomsk-Katolike Tsjerke. It oare part fan de befolking is Moslim 20% en oanhinger fan natoerreligys 5%.

 
Rivierke by Kapirimtiwa.