Marchigiana
De Marchigiana is in koweras út Itaalje. Oarspronklik komt it ras út de regio Marche, de Marchigiana is in grut ras dat hjoed-de-dei om it fleis hâlden wurdt. Foar de jierren 1950 waarden Machigiana-oksen ek as wurkbist brûkt.
De Marchigiana waard ûntwikkele yn de lette 19e en iere 20e iuw troch lânseigen Podoliaansk-fee te krusen mei de Chianina en Romagnolas. Tsjintwurdich is dy besibbens mei de Chianina noch goed te sjen, hoewol't it ras wat lytser bliuwt. Marchigiana's foarmje sa'n 45% fan de fleisfeestapel fan Itaalje en binne eksportearre nei de Feriene Steaten en oare lannen. It ras waakst hurd, komt mei en sûnder hoarnen foar en hawwe in koarte wyt-grize facht. Somtiids komt dûbelde bespiering foar (groubil-fenotype).
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|