Marcel (Marco) van Basten (Utert, 31 oktober 1964) is in Nederlânske âld-fuotballer en âld-ynternasjonaal.

Marcel van Basten
Marco van Basten (± 2006)
Marco van Basten (± 2006)
persoanlike bysûnderheden
namme Marcel van Basten
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 31 oktober 1964
berteplak Utert
klupskiednis
posysje Spits
jeugdteams
1970-1971
1971-1980
1980-1981
UCS EDO
UVV
USV Elinkwijk
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1981-1987
1987-1995
AFC Ajax
AC Milan
133(128)
147(90)
nasjonaal team
1983-1992 Nederlân 58(24)
trainer by
2003-2004
2004-2008
2008-2009
2012-2014
2014-2015
2015-2016
Jong Ajax
Nederlân (bûnscoach)
AFC Ajax
SC It Hearrenfean
AZ
Nederlân (assistint)

As jonkje skreau er op it buroblêd fan syn keamerke yn Utert: 'Ik ben de beste, Op mij na'. Spile as skraal jonkje út Utert by UVV en Elinkwijk. Syn heit wie in bikkelhurde ferdigener by profklup DOS, syn mem Leny ( 1932 ) komt fan Ljouwert. Marco hat in broer Stanley en in suske Carla.

Tusken 1981 en 1987 groeide Van Basten út ta in fedette. Goreograaf Rudi von Dantzig brocht yn 1987 in oade oan him doe't er syn bewegings fergelike mei dy fan balletdûnser Rodolf Noerijef. De Italjaanske miljonêr Silvio Berlusconi helle him nei Milaan. Yn desimber 1986 krige Marco in slimme ankelblessuere. Trijeris waard er Europeesk fuotballer fan it jier, en ien kear de bêste fan de wrâld. Marco van Basten waard wrâldwiid bekend troch syn goal op it EK fan 1988. Op 17 augustus 1995 naam 'San Marco' ôfskied fan it fuotbal by AC Milan, mei in gûlende trainer Fablo Capello op de bank. Neidat de ankelblessueres fierder fuotbaljen ûnmooglik makken naam er ôfstân fan it fuotbal. Nei fiif jier kaam er werom as bûnscoach fan it Nederlânsk Alvetal en dêrnei waard er trainer by Ajax. Yn 2009 stapte er op as trainer omdat er himsels net goed genôch fûn. Begjin febrewaris 2012 tekene er in kontrakt foar twa jier as coach by SK It Hearrenfean. Letter waard er trainer by AZ. Yntusken wurket Van Basten foar de FIFA.