Margriet Eshuijs (Saandam, 14 oktober 1952 - 29 desimber 2022) wie in Nederlânsk sjongeres. Sy waard benammen bekend as de sjongeres fan de popgroep Lucifer.

Margriet Eshuijs
sjonger en/of muzikant
Margriet Eshuijs (1981)
Margriet Eshuijs (1981)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Margriet Eshuijs
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 14 oktober 1952
berteplak Saandam
stoarn 29 desimber 2022
wurkpaad
sjenre Pop
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) House for sale
jierren aktyf 19722022

Karriêre bewurkje seksje

As famke spile Margriet Eshuijs akkordeon, Fan in jier as njoggen ôf spile se yn ferskate bandsjes as gitariste; letter spile sy ek elektroanysk oargel en foel sy sa nedich yn as sjongeres. Yn 1972 waard de popgroep Lucifer oprjochte, de popgroep helle yn 1975 syn grutste sukses House for sale, yn 1979 hold Lucifer dermei op. Eshuijs gie nei Lucifer fierder as solo-artiste.

Priveelibben bewurkje seksje

De âlden fan Eshuijs wiene beiden muzikant en eigener fan in muzykwinkel en muzykskoalle. Eshuijs boaske yn 1975 mei Dick Buijsman, de bassist fan Lucifer. Nei har echtskieding wie se fan 1984 oant har ferstjerren yn 2022 tegearre mei sjonger-lietsjeskriuwer Maarten Peters. Ut har relaasje mei Buijsman hat se in soan.

Margriet Eshuijs ferstoar op 29 desimber 2022, yn 'e aldens fan 70 jier oan de gefolgen fan kanker

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL