Marijeleginde

(Trochferwiisd fan Marialeginde)

In Marijeleginde is in literêr sjenre dat benammentlik yn 'e Midsiuwen in protte brûkt waard, yn 'e foarm fan in leginde dêr't de Faam Marije in grutte rol yn spilet. Gauris is sy dejinge dy't God mei de minsken ferbynt. God waard foarhinne troch in protte kristenen nammentlik sjoen as te fierôf en te ûntagonklik, mei't er as heechste rjochter fier boppe de minskewrâld stie. Marije, dêrfoaroer, wie as frou en mem krekt wol tagonklik. In foarbyld fan in Marijeleginde is de Midnederlânske Beatrijs.

De âldste Marijelegindes kamen yn de 6e iuw út it easten wei nei West-Jeropa. Nei de krústochten, dy't de Marijedevoasje fuortsterken, ûntstiene ek yn Jeropa Marijelegindes. It ferskynsel berikte yn de 13e iuw syn hichtepunt. Nei om en de by 1500 kamen der hast gjin nije legindes mear by.

Jakob fan Maerlant syn Spieghel Historiael (om 1288) befettet goed 50 Marijelegindes. In lette samling yn it Nederlânsk is Dat boeck van onser liever vrouwen miraculen út 1477 [1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cees van der Zalm, Prisma van de letterkunde, Marialegenden s. 149. Het Spectrum BV, Utert 1990.