Mark Carriere (folút: Mark C. Carriere; Merrillville (Indiana), 1949) is in Amerikaansk regisseur en produsint fan pornografyske films.

Mark Carriere
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mark C. Carriere
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1949
berteplak Merrillville (Indiana)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
wurksum as pornoregisseur, produsint
jierren aktyf 19842006
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Karriêre bewurkje seksje

Carriere rjochte yn 1984 de pornografyske filmstudio Leisure Time Entertainment (LTE) op, dy't er sawol ynskreau by de Keamer fan Keaphannel yn syn berteplak Merrillville, as yn 'e Los Anzjelynske wyk Van Nuys. Syn jongere broer Brad Carriere wurke yn 't earstoan as syn skathâlder. Dyselde die himsels lykwols yn juny 1991 tekoart.

Yn 'e 1990-er jierren wie LTE ien fan 'e meast foaroansteande produsinten en distributeurs fan hurde pornografy yn 'e Feriene Steaten. It grutste kommersjele súkses fan it bedriuw wie de film John Wayne Bobbitt Uncut, út 1994, it pornofehikel fan John Wayne Bobbitt, in Amerikaan fan wa't syn frou Lorena de penis ôfsnie, wêrnei't dy der letter yn it sikehûs wer oanset waard. Dy film, dêr't fierders û.m. de aktrises Veronica Brazil, Crystal Gold en Jasmine Aloha oan meiwurken, waard produsearre troch Carriere en regisearre troch pornoleginde Ron Jeremy.

Yn 1996 waard Carriere troch in rjochter yn 'e Amerikaanske steat Kentucky feroardiele ta it beteljen fan in boete fan $850.000, it dwaan fan in skinking oan goede doelen yn Louisville ter wearde fan nochris $250.000 en it ferrjochtsjen fan in taakstraf fan 2.400 oeren foar belestingûntdûking en it fersprieden fan obsene produkten.

De studio Leisure Time Entertainment waard yn 2006 opdoekt.

Priveelibben bewurkje seksje

Carriere troude yn 1987 mei pornoaktrise Tina Marie, mar dat houlik einige begjin jierren njoggentich yn in skieding. Mids jierren njoggentich hie Carriere in relaasje mei J.R. Carrington, dy't stripper wie doe't hja mei him yn 'e kunde kaam, en fia him by de pornoyndustry belutsen rekke.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: