Martin Mans (Melissant, 28 jannewaris 1965) is in Nederlânsk organist, komponist en dirigint.

Biografy bewurkje seksje

Martin Mans krige syn earste oargellessen doe't er sân jier âld wie. Mei alve jier begong hy al mei it beglieden fan koaren en in jier letter waard er tsjerke-organist yn syn berteplak. Yn dizze perioade brocht er boppedat ferskate oargelkonkoersen op syn namme. Op syn fjirtjinde bespile hy foar it earst it oargel foar de NCRV-radio. Sûnt 1995 is Mans organist yn 'e Breepleintsjerke yn Rotterdam.

Yn de rin fan de jierren die Mans mei oan mear as 400 cd-opnames. Ek makke er ferskate dvd's. Hy jout sa'n 200 konserten it jier en makket bûtenlânske konsertreizen troch Europa, Kanada, Amearika, Australië en Súd-Afrika. Hy treedt geregeldwei op foar radio en TF yn it programma 'Nederland Zingt'.

Fierder is er begelieder fan it Urker Mannen Ensemble en it Holland Boys Choir út Elburch, beide laat fan Pieter-Jan Leusink. Ek oan klassike projekten as it Requiem fan Gabriel Fauré en de Bachkantates joech er syn meiwurking. Mei panfluitiste Noortje van Middelkoop foarmet er it ‘Duo Gavotte' en teffens fersoarget er alle jierren in rige konserten mei pianist Jan Vayne.

Mans is dirigint fan twa grutte manljuskoaren yn Nederlân, ‘De Gouwestem' út Waddinxveen en CSMK ‘Noord-West Veluwe' út Nijkerk. Dêrnjonken is er dirigint fan it manljusensemble 'The Martin Mans Formation' en it 'One Day Male Choir', wilens it grutste manljuskoar fan Kanada. Fierder is er dirigint fan in tal projektmanljuskoaren, ûnder oare it Groot Mannenkoor Noord Nederland. Mei sjongster Petra Berger, Jan Vayne en syn koaren besiket Mans alle jierren ferskate katedralen yn it ramt fan de 'Kathedraalconcert met Allure'-toer. As komponist skriuwt er muzyk foar oargel, koar en orkest yn ferskate besettingen.

Keppeling om utens bewurkje seksje