Martin van Waning
Gijsbertus Martinus Wilhelmus Franciscus (Martin) van Waning (De Haach, 4 septimber 1887 – Dokkum, 7 july 1972) wie in Nederlânsk byldhouwer en skilder.
Martin van Waning | ||
keunstner | ||
Martin van Waning yn syn atelier yn Den Haach, 1928 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gijsbertus Martinus Wilhelmus Franciscus van Waning | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 4 septimber 1887 | |
berteplak | De Haach | |
stoarn | 7 july1972 (84 jier) | |
stjerplak | Dokkum | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Byldhouwer, skilder | |
offisjele webside | ||
gjin |
Libben en wurk
bewurkje seksjeVan Waning wie in soan fan Gijsbertus Martin van Waning en Maria Cornelia Johanna Trijssenaar. Syn heit wie referindaris by de Ried fan Steat en amateur-akwarelskilder; ek syn omke Kees van Waning skildere. Van Waning studearre wurktúchkunde yn Delft, mar wijde him nei syn stúdzje hielendal oan it skilderjen; hy wie doe 21 jier.[1] Hy folge lessen by keunstners lykas Charles Dankmeijer, Jan van Rhijnnen en Willem de Zwart en gie letter nei it keunstsintrum yn Wiesbaden. Yn Dútslân moete er de Russyske grutfoarst Orlov en waard dy syn partikuliere sekretaris. Tegearre mei Orlov reizge er ûnder oare troch Frankryk, Italië, Spanje en Noard-Afrika. Yn 1917 festige Van Waning him wer yn Nederlân. Hy wenne earst yn De Haach en fan 1925 ôf op de Feluwe.[2]
Yn 1937 ferhuze er nei it waadeilân Skiermûntseach, dêr't er syn atelier yn de eardere seefeartskoalle festige. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard het atelier bombardearre en gie in grut part fan syn wurk ferlern.
Yn Van Waning syn skilderwurk is de ynfloed fan de Haachske Skoalle te fernimmen. Hy skildere ûnder mear wettergesichten en lânskippen. Neist skilder wie Van Waning ek byldhouwer, grafikus en medaljeur. Van Waning hat trije kear troud west en skiede ek trije kear. Hy liet trije soannen en in dochter nei.[3]
Wurk yn de iepenbiere romte
bewurkje seksje- Smekende handen (1955), oarlochsmonumint yn Kampen
- De Schiere Monnik (1961), Skiermûntseach
-
Smekende handen
-
De Schiere Monnik
Publikaasjes oer Van Waning
bewurkje seksje- Ypk fan der Fear, De schilder Martin van Waning (1953)
- Louise Mellema, Martin van Waning 1887-1972 (1978)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|