Masyu, ek wol pearelstring of paadfiner neamd, is in logyske puzelsoarte dy’t ûntwurpen waard troch de Japanske puzelútjouwer Nikoli.

Foarbyld
Oplossing fan it foarbyld

Spulrigels bewurkje seksje

Masyu wurdt spile op in rjochthoekich ruster. Yn guon fouwerkanten steane in wyt of swart rûntsje of sirkel. Sa’n rûntsje is ofwol 'wyt' (leech) of 'swart' (fold). It doel is om troch alle rûntsjes ien trochrinnende line te lûken, sûnder krusings of fertakkings. De line moat elk trochsnien fekje ‘binnengean’ fanút de midden fan ien fan syn fjouwer siden en der ‘útgean’ troch in oare kant; [1] Alle bochten fan de lutsen line hawwe dus in hoeke fan 90 graden. [2]

Foar it trochsnijen fan de wite en swarte sirkels jildt:

  • Wite sirkels moatte yn in rjochte line trochsnien wurde, mar de lus moat ôfslaan yn it folgjende fakje
  • Op swarte sirkels moat ôfslein wurde en de lus moat yn it folgjende en foarrige fekje rjochttroch gean

Skiednis bewurkje seksje

De earste ferzje fan Masyu ferskynde foar yn Puzzle Communication Nikoli #84 ûnder de titel Shinju no Kubikazari (真珠の首飾り, Japansk foar 'pearelstring'). Yn dy puzel stiene allinnich wite sirkels. Swarte sirkels waarden yntrodusearre yn Puzzle Communication Nikoli # 90, wêrby’t de puzel omdoopt waard yn Shiroshinju Kuroshinju (白真珠黒真珠, wat 'wite pearels en swarte pearels' betsjut). Dy ferbettering joech de puzel ferdjipping en soarge derfoar dat de puzel folle pupulêrder waard. Sûnt Puzzle Communication Nikoli #103 is de lange namme ferfongen troch 'Masyu'.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is in oersetting fan de Dútske Wikipedia mei oanfollings fan

Referinsjes
  1. Nikoli puzzle favors, Selected Papers on Fun & Games troch Donald Knuth (2011) CSLI Publications, side 473–476
  2. online Masyu puzels