Mauritiustsjerke (Marsum)
De Mauritiustsjerke yn it Grinslânske Marsum (gemeente Iemsdelta) is in tsjerkegebou fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De tsjerke heart ta de moaiste midsiuwske tsjerken fan de Grinslân en wurdt noch jimmeroan regelmjittich foar tsjinsten fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân brûkt.
Mauritiustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Iemsdelta | |
plak | Marsum | |
koördinaten | 53° 20' N 6° 52' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Mauritius | |
Arsjitektuer | ||
boujier | Healwei 12e-iuw | |
boustyl | romaanske arsjitektuer | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8252 | |
Webside | ||
PKN Appingedam | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOannommen wurdt dat de romaanske tsjerke yn 'e twadde helte fan 'e 12e iuw boud waard. De tsjerke wie yn 'e roomske tiid wijd oan de hillige Mauritius. Dendrogronologysk ûndersyk wiisde út dat it dak út it begjin fan 'e 14e iuw datearret. Der wurdt tocht oan it jiertal 1306, mar it is goed mooglik dat doe de kape fernijd waard.
By it Belis fan Delfsyl (1813-1814) yn 'e Frânske tiid waard it doarp hast folslein ferneatige. De lytse, ienskippige tsjerke mei in healrûn, smeller koer en in sealtektoer is it iennige gebou dat fan it eartiidske doarp oerbleaun is. De tsjerke stiet op in wierde, dy't yn 'e 19e iuw foar it grutste part ôfgroeven is. Op de apsis lizze saneamde muontsen en nonnen (holle en bolle dakpannen). De Mauritiustsjerke waard yn 'e jierren 1949-1951 restaurearre.
Ynrjochting
bewurkje seksjeMooglik hat de tsjerke eartiids in stiennen ferwulft hân. It hjoeddeiske balkeplafond datearret lykas de preekstoel út de 18e iuw. Njonken de behuzing fan it Hillich Sakramint is ek de piskina noch oanwêzich. De preekstoel datearret út 1792 en de banken binne nei alle gedachten noch deselden, dy't Jan Ates yn 1787 út Holwierde makke. It koerstek datearret foar in part fan foar de reformaasje en stamt út it midden fan 'e 16e iuw. Yn 'e westlike muorre is in iepening nei de toer ta, dêr't op 'e earste ferdjipping nei alle gedachten in kapel west hat.
Yn 'e toer hinget in klok mei in ôfbyld fan Sint-Mauritius en de tekst s.mauritius ben ick geheten marsum heeft mi laten geten ao 1620, joannes symon & anthonius filius & petrus joly galli me fecerunt De trije klokkejitters Symon(heit en soan) en Joly hawwe mear klokken foar tsjerke yn Grinslân, Fryslân en East-Fryslân getten, lykas ek de klok fan it oanbuorjende Holwierde, dy't yn itselde jier getten waard.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1999 troch Winold van der Putten út Finsterwolde boud. It is in replika fan it midsiuwske Theophilusoargel, ferneamd nei de Benediktynske muonts Theophilus Presbyter (mooglik it pseudonym fan Roger fan Helmarshausen, 1070-1125). It ûntwerp fan it oargel is basearre op beskriuwings yn midsiuwske teksten fan û.o. Theophilus en op in ôfbyld yn it Rutland Psalter (± 1260). Ek op basis fan beskriuwings fan Theophilus waard yn 2006 troch de klokkejitter Simon Laudy yn it koer fan de tsjerke in klokkespul fan fjirtjin brûnzen klokken set.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|