Max Schreck
Maximilian (Max) Schreck (Berlyn, 11 juny of 6 septimber 1879 - München, 19 febrewaris of 26 novimber 1936) wie in Dútsk akteur. Hy is it meast bekend fan syn rol as Greve Dracula/Greve Orlok yn de film Nosferatu, eine Symphonie des Grauens fan regisseur Friedrich Wilhelm Murnau út 1922.
Max Schreck | ||
akteur | ||
Schreck om 1922 hinne | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Maximilian Schreck | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | sjoch tekst | |
berteplak | Berlyn | |
stoarn | sjoch tekst | |
stjerplak | München | |
jierren aktyf | 1917-1936 |
Biografy
bewurkje seksjeDer is betizing oer Schrecks wiere berte- en stjerdatum. Schreck krige syn toanieloplieding oan it Steatsteäter yn Berlyn. Hy hie syn debút yn Meseritz en Speyer, en toerde twa jier lang yn teäter yn Zittau, Erfurt, Bremen, Luzern, Gera, en Frankfurt am Main. Schreck tsjinne fan 1915 oant 1918 yn de Earste Wrâldoarloch.
Yn 1922 waard er hierd troch Prana Film foar harren earste en iennichste produksje, Nosferatu, eine Symphonie des Grauens, in fariaasje op de roman Dracula fan Bram Stoker. Om reden fan skeel mei de erfgenamten Stoker waard de fampier yn de film omneamd ta Greve Orlok.
Persoanlik libben
bewurkje seksjeSchreck wie troud mei aktrise Fanny Normann, dy 't yn in pear films ferskynde en faak as Fanny Schreck op de ôftiteling stie.
Ien fan Schreck's tiidgenoaten brocht him te binnen dat er in ienling wie mei in ûngewoan gefoel foar humor en betûftens yn it spyljen fan groteske personaazjes. Hy fertelde ek dat er yn in "ôfhandich en geastlike wrâld" libbe en dat er faak troch de bosk kuiere. [1]
Yn 'e tiid fan Nosferatu en jierren dêrnei waard grute dat Schreck net echt bestie en in pseudonym wie foar de ferneamde akteur Alfred Abel. [2]
Filmografy
bewurkje seksjeIn kar:
- Teufelsmädel (1917)
- Tanz in den Tod (1920
- Der Richter von Zalamea (1920)
- Der Roman der Christine von Herre (1921)
- Nosferatu (1922)
- Nathan der Weise (1922)
- Der Kaufmann von Venedig (1923)
- Der rosa Diamant (1926)
- Doña Juana (1927)
- Am Rande der Welt (1927)
- Die Republik der Backfische (1928)
- Wolga-Wolga (1928)
- Der Kampf der Tertia (1929)
- Ludwig der Zweite, König von Bayern (1929)
- Das Land des Lächelns (1930)
- Die verkaufte Braut (1932)
- Ein Mann mit Her] (1932)
- Boo! (1932)
- Tunnelen (1933)
- Donogoo Tonka (1935)
- Die letzten Vier Von Santa Cruz (1936)
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Max Schreck yn de IMDB.
- (dú) Foto's fan it grêf fan Max Schreck en in soad filmstills.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Max Schreck fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |