Medisynpylken
Medisynpylken (Ingelsk: Medicine Arrows; op 'e súdlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), ±1795 – yn súdlik Montana, 1876) wie in opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen, in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Syn eigentlike namme wie Stiennen Foarholle (Ingelsk: Stone Forehead of soms Rock Forehead), mar hy kaam ûnder de blanken bekend te stean as 'Medisynpylken' om't er de warder fan 'e hillige medisynpylken fan 'e Sjajinnen wie.
Medisynpylken | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Stiennen Foarholle | |
oare namme | Medicine Arrows, Stone Forehead | |
nasjonaliteit | Sjajinsk | |
berne | ±1795 | |
berteplak | op 'e súdlike Grutte Flakten (Feriene Steaten) | |
stoarn | 1876 | |
stjerplak | yn súdlik Montana | |
etnisiteit | Súdlik Sjajinsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen | |
jierren aktyf | 1850 – 1876 |
Libben
bewurkje seksjeMedisynpylken waard omtrint 1795 berne yn it súdlike part fan 'e Grutte Flakten, wierkskynlik yn 'e hjoeddeiske Amerikaanske steaten Kansas, Nebraska of Kolorado. Mank syn eigen folk stied er bekend ûnder de bynamme 'Rint-mei-de-Teannen-nei-Bûten-ta'. Medisynpylken wie in folle neef fan it bekendere opperhaad Swarte Tsjettel. Ferskaten fan syn bern namen diel oan gewelddiedige konfrontaasjes mei de blanken. Sa waard syn jongste soan, Foksesturt, yn 1866 yn Fort Zarah beskuldige fan 'e moard op in Meksikaanske cowboy ûnder in dronken fjochtpartij.
De âldste soan fan Medisynpylken, Lange Wolf, focht yn 1867 yn 'e Slach oan de Saline, en wie ien fan 'e oanfierders fan 'e Súdlike Sjajinnen dy't yn augustus 1868 blanke delsettings en boerspultsjes oanfoelen en kolonisten deaden yn 'e dellings fan 'e rivieren de Saline en de Solomon, yn Kansas. Dat wie ien fan 'e oanliedings foar de oerfal troch it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer op it winterkamp fan Swarte Tsjettel oan 'e rivier de Washita, yn westlik Oklahoma. By dat Bloedbad oan 'e Washita, op 27 novimber 1868, kaam Swarte Tsjettel om en waard syn kamp foar grut part útmoarde.
In dochter fan Medisynpylken, fan wa't de namme net oerlevere is, wie troud mei in man út 'e Hûnskrigerstroep fan Lange Bolle. Sy en har fjouwer bern oerlibben de Slach by Summit Springs, op 11 july 1869, wêrby't Lange Bolle syn doarp ferwoastge waard troch it Amerikaanske 5e Kavaleryrezjimint en de Hûnskrigers suvere útrûge waarden. Hja waarden kriichsfinzen nommen troch de Amerikanen, mar koarte tiid letter wer frijlitten.
Om't er nei ôfrin fan 'e Oarloch fan de Reade Rivier (1874-1875) bang wie foar repressaillemaatregels fan 'e Amerikanen, flechte Medisynpylken yn jannewaris 1875 út it Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat fan it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma) wei, en joech er him by de Noardlike Sjajinnen, yn 'e krite fan 'e Powderrivier, yn súdlik Montana. Dêr stoar er yn 1876 freedsum yn syn sliep. Medisynpylken wie warder fan 'e hillige medisynpylken fan 1850 oant syn dea. Neitiid folge syn soan Swarte Hierrige Hûn him op, en dy waard letter sels wer opfolge troch Lytse Man, in omkesizzer fan Medisynpylken. Hjoed de dei wenje de ôfstammelingen fan Medisynpylken yn westlik Oklahoma.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |