It Medny-Aleoetysk, ek wol Kopereilân-Kreoalsk of Kopereilân-Aleoetysk neamd, is in mingtaal dy't foarme is troch ferminging fan it Slavyske Russysk en it Aleoetysk, ien fan 'e Eskimo-Aleoetyske talen. It wurdt sprutsen op it eilân Bering, ien fan 'e Kommandeurseilannen yn it Fiere Easten fan 'e Russyske Federaasje, dy't bestjoerlik ûnder it territoarium Kamtsjatka falle. It Medny-Aleoetysk waard yn 1996 noch sprutsen troch 10 oant 12 (âldere) minsken, en balansearret dêrmei op it rântsje fan it útstjerren.

Medny-Aleoetysk
algemien
oare namme(n) Kopereilân-Kreoalsk,
  Kopereilân-Aleoetysk
lânseigen yn Ruslân
tal sprekkers 10-12 (1996)
skrift Syrillysk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje mingtaal (Aleoetysk-Russysk)
taalkoades
ISO 639-3 mud

Skiednis bewurkje seksje

It Medny-Aleoetysk ûntjoech him yn 'e rin fan 'e njoggentjinde iuw op it eilân Medny (ek wol it Kopereilân neamd), dat it eastlikste fan 'e beide Kommandeurseilannen is. Alle bewenners fan dat eilân waarden lykwols yn 1969 evakuëarre nei Bering, it westlike en gruttere eilân fan 'e arsjipel. Sadwaande wurdt it Medny-Aleoetysk no inkeld dêre noch sprutsen.

Taalskaaimerken bewurkje seksje

It Medny-Aleoetysk is gjin dialekt fan it Aleoetysk, mar in mingtaal dy't foarme is troch in ferminging fan it Russysk, dat in Eastslavyske taal is dy't ta de Yndo-Jeropeeske taalfamylje heart, mei it Aleoetysk, dat ta de Eskimo-Aleoetyske talen rekkene wurdt. It Medny-Aleoetysk ferhâldt him likernôch ta it Aleoetysk sa't it Biltsk him ta it Frysk ferhâldt.

De taal wurdt karakterisearre troch de ferminging en Russyske en Aleoetyske eleminten yn 'e measte ûnderdielen fan 'e grammatika, mar benammen yn 'e morfology fan 'e tiidwurden. Ut it Aleoetysk is it meastepart fan 'e wurdskat ôfkomstich, en fierders alle ôfliedende morfology, de namfalsferbûgings en beskate oare grammatikale ferskynsels. Ut it Russysk is de ferbûging fan 'e tiidwurden oernommen en it meastepart fan 'e sinsbou.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations en Sources, op dizze side.