Top8 brûkt Wikipedia al jierren en ferbetteret sa út en troch lytsere of byneed wat gruttere saken as dy foarby komme (en as Top8 oerwei kin mei de oanbelangjende taal). Net in systematyske wikipediaan. Neffens Top8 binne sawol ynstitúsjonele kennis as kennis fan ûnderen op út de mienskip fan belang yn ús tiidrek fan sabeare nijs en alternative wierheid.