Nederlânske namme bewurkje seksje

Ik haw by Sibrandabuorren de Nederlânske namme dy't jo tafoege hienen ferfongen troch Offisjeel Frysk. Dat komt, Boarnsterhim brûkt de Fryske plaknammen dat der hoecht net apart by wat de offisjele name is en yn hokfoar taal dat is. Mysha

De Wikipedy besiket om by alles de offisjele namme ta te foegjen, net altyd de Nederlânske. As de offisjele namme gelyk is oan de Fryske namme wurdt der (Offisjeel Frysk) tafoege, dat minsken witte wêrom der gjin oare offisjele namme bystiet. By nammen yn oare talen ist dat bygelyks (Dútsk: Berlin). Foar Nederlânsk is in útsûndering makke, om foar te kommen dat der by it meastepart fan ús siden boppenoan Nederlânsk stean soe; hjir wurdt allinnich de offisjele namme opnaam: (Harlingen).
Mar fierders wolkom by de Wikipedy; ik sjoch jo dogge de lytse oanpassings dêr't oaren oerhinne sjen. At jo wolle, kinne jo jo ek as meidogger oanmelde; dan stiet der net by alles wat jo dogge jo netadres. Aliter 19.11, mai 5, 2006 (UTC)

Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.