Achte brûker 81.71.168.91,
Tank foar jo bydragen op Goutum en Oerlis:Goutum. Lykwols, soenen jo besykje wolle hoe de Wikipedy wurket, dan hawwe wy dêr in Wikipedy:Kladblok foar. De ynformaasje dy't jo op de oerlisside delset hienen haw ik oerbrocht nei de Goutum-side en wat útwreide. As jo noch oanfollings of korreksjes hawwe, dan kinne jo dy ek sels skriuwe, as se mar passe yn in ensyklopedy, en yn it Frysk skreaun wurde. En dat jildt ek as jo ús mei oare siden helpje wolle. Aliter 01.29, 3 mar 2005 (UTC)


Rixt Weiland bewurkje seksje

Ik sjoch jo hawwe earder skreaun dat Rixt Weiland yn Ljouwert berne is, mar dat hawwe jo no skrast sûnder in oar plak oan te jaan. Is Rixt Weiland net yn in plak berne, of is hjir in oare reden foar? Aliter 12 mai 2007, 02.24 (CEST)Beäntwurdzje

Ik ha it feroare om't er stie "mar wennet op it stuit yn Goutum", wat der op wiize koe dat Rixt Weiland yn Ljouwert wenne hat en nei Goutum ferhúze is. Se hat altyd yn Goutum wenne. Ik sil de berteplak der wol wer by sette.

Tank. Ik haw it ferskil wat dúdliker delskreaun, en de side wat útwreide.
(At jo woll kinne jo in Meidoggernamme nimme. It liket faaks wat tsjinstridich, mar mei in namme binne jo anonimer. Fan meidogger 81.71.168.91 kin eltsenien neisjen hokfoar ynformaasje it ynternet dêrby jout. Mar fan Meidogger:Greideroas wit nimmen mear as wat jo der sels oer delskriuwe. En dêr komt by: At jo fan IP-adres feroarje, koome jo net mear by dit oerlis út, mar jo meidoggeroerlis bliuwt altiten itselde.)
Aliter 22 mai 2007, 01.42 (CEST)Beäntwurdzje


Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.