Foar Aliter: it is neffens my 'in saak útien sette', en net 'utein sette'. 'Utein sette' is 'begjinne mei in rige hanlingen'. Dat is yn dizze kontekst net it gefal!

Wolkom bewurkje seksje

Achte Meidogger:83.163.7.6,

Wolkom op de Fryske Wikipedy. Ik sjoch, jo hawwe al útfûn hoe't tekst krekt oanpast wurde kin (al doocht der op it stuit eat net mei de tagong), en jo binne al drok dwaande mei it ferbetterjen fan tikflaters en fan de Hollanismen dy't der by ferfryskjen gauris ynslûpe.

Dizze side is jo oerlisside. At immen jo wat witte litte wol, dan skriuwt dy dat op dizze side. Sa hawwe ek oare meidoggers in oerlisside, lykas Meidogger oerlis:Aliter. Ek by alle oare siden heart in oerlisside, dy't jo berikje kinne troch in keppeling op dy side. En der is ek noch in oerlisside foar gâns de Wikipedy.

Tink der by oerlis al om, om genôch ynformaasje op te nimmen. Sa bin ik it mei jo iens dat "útiensette" en "úteinsette" twa ferskillende tiidwurden binne, mar ik wit net oer hokker kontekst jo skriuwe. Ik nim oan dat jo sjoen hawwe dat ik it earne ferminbettere haw, en dêr is fansels in ferklearring foar: It binne twa ferskillende tiidwurden, mar elts lyket o sa gau as tikflater foar de oar fan de twa. At jo noch witte wêr dat wie, dan ferbetterje jo it nochris. Dat is neat gjin probleem; sa wurket in wiki.

At it jo aardich liket en skriuw faker mei oan de Wikipedy, dan soenen jo der noch oer tinke kinne in Meidochnamme oan te meitsjen. Dat hat ûnder oaren it foar dat jo oanjaan kinne dat jo wizigings allinnich de tekst feroarje, mar net de ynhâld. En it is foar oaren ek makliker at der in namme by bewurkings heart, yn stee fan allinnich fjouwer nûmers. Aliter 17 jun 2009, 01.36 (CEST)Beäntwurdzje

Wikipedy:In nije side meitsje‎ bewurkje seksje

Ik haw ris nei jo ferminbettering sjoen, mar neffens my wie dy al goed. Wat is it dat jo ynearsten net seagen en ik hieltyd noch net? Aliter 17 jun 2009, 02.33 (CEST)Beäntwurdzje


Ferminbettering bewurkje seksje

Dat wit ik sels ek net mear. Ik leau dat ik wat feroare hie yn de ferûnderstelling dat ik it ferbettere, mar letter seach ik dat ik in korrekte formulearring 'fout ferbettere hie'. Doe't ik dat seach, haw ik myn eigen eardere sabeare-ferbettering wer byholpen, mei it kommintaar derby fan 'verschlimbesserung'; dat hie dus eins better wêze kind: 'rjochtsette fan in earder makke verschlimmbesserung'. 'Ferminbettering' koe ik net as wurd, mar it is in moaie lienoersetting.


Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.