Tank foar jo bydragen oan de Wikipedy; ik kin my goed yntinke dat foar immen dy't papieren teksten gewoan is ús omskriuwings wat koart binne. Dat de measte fan jo feroarings weromset binne, is om't wy gjin papieren tekst hawwe en fan it ferskil gebrûk meitsje kinne.

De measte lêzers fan de Fryske Wikipedy witte grif dat Ljouwert yn Fryslân leit en dat wer yn Nederlân, dat wy meitsje de tekst koarter troch dy ynformaasje wei te letten. Dat dat kin, is om't wy keppelings brûke kinne, dat dejinge dy't net wit wat Ljouwert is kin it oanklikke foar fierdere details. Sadwaande hawwe wy en koarte tekst en details.

Fiel jo frij om oare bydragen te dwaan; nije siden te skriuwen, of besteande út te wreidzjen of by te wurkjen. Foar jo fragen, oer wat ek, kinne jo terjochte op de Oerlis side.

Aliter 22.30, 26 jun 2006 (CEST)

At jo de idee hawwe dat it better wie en jou mear dûbelde ynformaasje, dan soenen jo hjir in útstel oer dwaan kinne op de Wikipedy:Oerlis side. Mar oant no ta wurdt it tafoegjen fan "Fryslân" op siden dêr't "Boalsert" stiet, net beskôge as in ferbettering. Wy hawwe dêrom leaver dat jo dy oanpassing net mear meitsje. Tank. Aliter 23.58, 1 okt 2006 (CEST)

Sa at Aliter jo ek al twaris oanjûn hat hawwe wy leaver net dat jo dit soarte fan oanpassings dogge troch op alle siden fan gemeenten en plakken de ferwizing nei Nederlân yn de ynleidende rigel op te nimmen. Theun 21 okt 2007, 21.13 (CEST)Beäntwurdzje

Tank foar de oanwizing dat ek by Delft in oerstallich "Nederlân" stie; ik haw it oanpast. At jo deselde flater faker tsjinkomme, dan kinne jo dy sels fuorthelje, of oars soenen jo in listke op de Oerlis side delsette kinne. At jo oare ideeën hawwe wat dit punt oangiet, dan kinne jo dy op itselde plak kwyt. Aliter 23 jan 2008, 01.45 (CET)Beäntwurdzje


Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.