De Meinardstsjerke is in tsjerkegebou yn Minnertsgea yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It is de tsjerke fan de PKN-gemeente Minnertsgea.[2]

Meinardstsjerke
De tsjerke yn 2023
De tsjerke yn 2023
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Minnertsgea
adres Meinardswei 3
koördinaten 53° 15' N 5° 35' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
boujier Ein 15e iuw
boustyl lette gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8634 [1]
Webside
PKN-Minnertsgea
Kaart
Meinardstsjerke (Fryslân)
Meinardstsjerke

Skiednis bewurkje seksje

 
Stiftingsstien fan de toer (1505)

De ienbeukige tsjerke út de 16e iuw (mei parten út de 13e iuw) wie oarspronklik wijd oan Martinus. De toer út 1505 hie in spits dy't yn 1552 troch wjerljocht rekke waard. Om 1590 hinne krige de toer in sealtek. De hjoeddeiske sifers 1818 oan de westlike gevel fan it sealtek tsjutte op in restauraasje yn dat jier. Noardeastlik stie oan de tsjerke de sakristy, dy't yn 1669 ôfbrutsen waard. Oan de muorre is by de noarderpoarte fan de tsjerke te sjen wer't de sakristy oanboud wie.

De toer fan trije lidden waard yn 1939 restaurearre.

Op 3 juny 1947 ûnstie der by in reparaasje oan de daksgoate mei in benzinebranner brân oan it tek fan de tsjerke, dy 't mei troch it waarme waar en in straffe wyn al gau feroare yn in fjoersee. De brân wie sa slim, dat ek oare bebouwing fan Minnertsgea gefaar rûn. In pleats dy't tichteby de toer stie baarnde ek ôf en hûnderten meters fierderop brochten fonken it fjoer op it reiten tek fan in pleats oan de Tilledyk, dy't ek ôfbaarnde.

 
De tsjerke nei de brân fan 1947

Guon bewenners besochten út de tsjerke noch wat te rêden, lykas in ornamint fan in hearebank of it doarke fan de preekstoel en wat bibels, mar de 16e-iuwske preekstoel gyng ferlern lykas ek it oargel út 1778. De alteraasje wie grut yn Minnertsgea en de brân duorre fiif oeren. Wat oerbleau wiene allinne de muorren fan de tsjerke en de útbaarnde toer.

De tsjerke waard yn 1951-1955 restaurearre troch A. Baart.

Yn it ramt de nasjonale Moanne fan de Skiednis mei as tema Wat een ramp! hat der yn 2022 in ústalling oer de tsjerkebrân west.[3]

Ynterieur bewurkje seksje

De preekstoel is komt út de minnistetsjerke fan Blije. De liedklok (1648) fan Jacob Noteman waard yn 1951 fannijs getten troch Van Bergen. It doopfont is makke troch Jan Meefout[4]. In stik as wat grêfsarken komme út de ôfbrutsen Galileërtsjerke fan Ljouwert. Fierder binne der noch in pear saken dy't yn 1947 út de baarnende tsjerke helle wurde koene.

Oargel bewurkje seksje

 
Oargel (opstelling fan foar de restauraasje fan 2000-2001)

De tsjerke hie oant de brân in oargel fan Albertus Antoni Hinsz út 1777. Dat wie it twadde oargel fan de tsjerke. Foar dy tiid stie sûnt 1688 in oargel yn de tsjerke, dat oarspronklik yn de nei de reformaasje ôfbrutsen Sint-Fituskatedraal fan Ljouwert stien hie.[5]

Yn 1955 waard it ôfbaarnde Hinsz-oargel troch de firma Vaas en Bron ferfongen troch in histoarysk oargel fan Guillaume Robustelly út 1785, dat eartiids boud waard foar de parochytsjerke fan Vreren yn Belgje. Doe't dêr in nij oargel boud waard, ferhûze it Robustelly-oargel nei de herfoarme tsjerke fan Wjelsryp, dêr't it mei in tal feroarings wer opboud waard. De klaviatuer ferhûze fan de achterkant nei de lofterkant en de klavieren, registerknoppen en mechaniken waarden fernijd. Ek yn de disposysje waarden feroarings oanbrocht. Bakker & Timmenga boude yn 1884 noch in nije magazijnbalge, sadat de oarspronklike wynfoarsjenning ek ferlern gyng.

It oargel krige in nije ûnderbou en waard op in plak midden op de galerij fan de tsjerke fan Minnertsgea delset. By in dielrestauraasje fan Flentrop Orgelbouw yn 1987 waard it ynstrumint foar in diel nei de oarspronklike sitewaasje werom brocht.

By in lêste restauraasje yn 2000-2001 waard de ûnderbou fan 1955 ferwidere en it oargel yn in opstelling yn de balustrade set, da't dat ek oarspronklik west hat. In grut part fan it piipwurk datearret noch út 1785.[6]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Zwolle: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
  • Stichting Alde Fryske Tsjerken Minnertsga, kerkbeschrijving (deade keppeling, septimber 2017 InternetArchiveBot)

Noot

  1. Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed
  2. PKN gemeente Minnertsgea
  3. Omrop Fryslân, 27 oktober 2022
  4. Jan Meefout, byldhouwer (Amsterdam, 29 desimber 1915 – dêre, 16 april 1993)
  5. PKN-gemeente Minnertsgea
  6. Het Orgel, jiergong 97 (2001), nû 5