Ynternasjonaal Filmfestival fan Melbourne

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Melbourne (Ingelsk: Melbourne International Film Festival), ôfkoarte ta MIFF, is in filmfestival dat elts jier yn augustus holden wurdt yn 'e Australyske stêd Melbourne, yn 'e steat Fiktoaria. It evenemint waard oprjochte yn 1952 en is dêrmei ien fan 'e âldere filmfestivals fan 'e wrâld. It is ek it grutste filmfestival fan sawol Austraalje as fan it hiele Súdlik Healrûn.

Ynternasjonaal Filmfestival
fan Melbourne
plak en tiid
lân Austraalje
steat Fiktoaria
plak Melbourne
tiid fan it jier augustus
bysûnderheden
ôfkoarting MIFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1952 – no
offisjele webside
www.miff.com.au

Beskriuwing bewurkje seksje

Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Melbourne wurde elts jier likernôch 300 films fertoand yn in ferskaat oan filmsealen ferspraat oer de stêd. Ta de seleksje hearre sawol lange as koarte films en sawol ferheljende films as dokumintêres. It festival foarmet de grutste en wichtichste presintaasje fan 'e Australyske sinema foar de bûtenwrâld en is akkreditearre troch it Australysk Filmynstitút (AFI), de Amerikaanske Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS), dy't de Oscars útrikt, en de Britske Academy of Film and Television Arts, dy't de BAFTA's útrikt. Yn 2012 brocht it evenemint foar de pleatslike ekonomy fan Melbourne A$8 miljoen yn 't laadsje. Yn it ramt fan it filmfestival wurdt ek de 37°South Market holden, in filmmerk dêr't regisseurs, filmprodusinten en finansiers mei-inoar kontakten lizze kinne.

Tsjintwurdich is it Ynternasjonaal Filmfestival fan Melbourne ien fan fjouwer wichtige filmfestivals dy't op jierlikse basis yn Melbourne organisearre wurde. De oaren binne it Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Melbourne (MIAF), it Queer Filmfestival fan Melbourne (MQFF) en it Undergrûnsk Filmfestival fan Melbourne (MUFF). Dat lêste evenemint spjalte him yn 2000 ôf fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Melbourne omreden fan ûntefredenens ûnder in diel fan 'e Australyske filmmakkers. It festival soe neffens harren nammentlik eksperimintele sinema bûtendoar besykje te hâlden.

Prizen bewurkje seksje

Der wurde ferskate prizen útrikt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Melbourne. Foar lange films (fiksje en dokumintêre) binne dat:

  • Publykspriis foar Bêste Lange Spylfilm
  • Publykspriis foar Bêste Lange Dokumintêre
  • TeleScope Award foar Bêste Jeropeeske Lange Spylfilm
  • The Age Kritykpriis (oanbean troch de krante The Age)

Foar koarte films (fiksje en dokumintêre) wurde de folgjende prizen útrikt:

  • City of Melbourne Grand Prix foar Bêste Koarte Film (prizejild A$10.000)
  • Film Victoria Erwin Rado Award foar Bêste Australyske Koarte Film (prizejild A$7.000)
  • Swinburne Award foar Oankommende Australyske Filmmakker (prizejild A$5.000)
  • Cinema Nova Award foar Bêste Ferheljende Koarte Film (prizejild A$5.000)
  • Holmesglen Award foar Bêste Koarte Animaasjefilm (prizejild A$5.000)
  • BBC Kennispriis foar Bêste Koarte Dokumintêre (prizejild A$5.000)
  • Astor Theatre Award foar Bêste Eksperimintele Koarte Film (prizejild A$5.000)
  • earfolle fermelding fan 'e sjuery

Winners fan 'e prizen foar bêste koarte film, bêste ferheljende koarte film, bêste koarte animaasjefilm en bêste koarte dokumintêre komme yn oanmerking foar nominaasje foar de AACTA's, Oscars en BAFTA's yn dyselde kategoryen.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.