Mersey

(Trochferwiisd fan Mersey (rivier))

De Mersey is in rivier yn noardwest-Ingelân dy't ûnstiet út de gearrin fan trije rivieren, de Etherow, de Goyt en de Tame ûnder Stockport yn Grut Manchester. De rin fan de rivier is foar in part ferdwûn omdat er opnaam waard troch it Manchester Ship Canal. Nei Rixton rint de rivier wer yn in eigen bêd en fan de keardaam by Warrington yn Cheshire ôf wurdt er in tijrivier. Under Flixton rint de Irwell yn de Mersey. De lingte fan de rivier is 113 kilometer en it streamgebiet beslacht 4.680 km².

Rin fan de Mersey
De Mersey by Runcorn
De Mersey yn Liverpool

Yn Runcorn wurdt de rivier bot nauwer, mar dêrnei wurdt er in alve kilometer breed estuarium oant de mûning yn de Ierske See yn Liverpool op de rjochterouwer en Birkenhead op de linkerouwer; tusken dy beide stêden is in fearboatferbining.

Yn it eastlik diel fan it estuarium wurdt it wetter bot sâltich. De oanswettende "wetlands" is in natuergebiet fan belang.

De rivier waard ynternasjonaal fral ferneamd troch de saneamde Merseybeat út de sechtiger jierren fan de 20e iuw, de popmuzyk fan groepen út de streek om Liverpool hinne sa as Gerry & the Pacemakers, mei har hit Ferry Cross the Mersey.