In metafoar is in foarm fan byldspraak, dêr't net in ferlikingswurd (lykas: 'as', 'sa as', 'krekt in ….') by brûkt wurdt.

In metafoar kin ek in retoaryske byldspraak wêze, dy't syn effekt berikt troch assosjaasje, ferliking, gelikenis, antyteze (= tsjinstelling), hyperboal (= (ekstreme) oerdriuwing) of metonymy. In allegory yn in proaza-, dicht- of toanielstik is te beskôgjen as in útwurke metafoar.

Foarbylden bewurkje seksje

  • De minsk is in wolf.
  • De foarsitter ploeget troch de gearkomste.
  • Fuotbal is oarloch.
  • Mei sa'n diploma geane alle doarren foar dy iepen.

Metafoar as parallelle ferliking bewurkje seksje

Meastentiids wurdt de metafoar sjoen as in ôfkoarting fan de parllelle ferliking. "De minsk is AS in wolf" soe dan itselde wêze as "de minsk is in wolf". Mar ornaris is de metafoar 'riker' as de ferliking. Yn "dizze politikus is krekt in lyts bern, hy wol altyd syn sin ha" einiget de ferliking direkt. Yn "dizze politikus is in natuerramp" of "dizze politikus is in nar" kin men langer oan it ynterpretearjen bliuwe.